141117 Konsertkonkoers OMF op Omroplive.nl_

PARSEBERJOCHT
17 novimber 2014
Konsertkonkoers OMF op Omroplive.nl
Sneon 22 novimber fan 08:30 oant en mei 20:30 oere
Santjin orkesten fan ferskate muzykferienings út it Noard-Nederlân komme op 22
novimber tegearre yn Surhústerfean om mei te dwaan oan it konsertkonkoers fan de
Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF). Fan 08:30 oant en mei 20:30
oere is dat live te folgjen op Omroplive.nl.
De muzyk fan 17 harmony-, fanfare- en brassbands stiet dy dei sintraal. Doel fan de dei is
om te sjen oft de orkesten noch foldogge oan de easken fan de divyzje dêr’t se yn sitte. De
orkesten wurde beoardield troch in lanlik sjueryteam dy’t bestiet út trije persoanen. Oan it
konsertkonkoers fan 22 novimber dogge trettjin Fryske orkesten mei.
It konsertkonkoers fynt plak yn de Flambou yn Surhústerfean en is fergees tagonklik foar
eltsenien. Fan 08:30 oant en mei 20:30 oere is it konsertkonkoers live te besjen en te
beharkjen op Omroplive.nl. De oare dei, snein 23 novimber, binne de moaiste koralen te
beharkjen op Koperkanaal FM, dat sneins tusken 06:00 en 08:00 oere op Omrop Fryslân
Radio útstjoerd wurdt. Alle opnamen fan de dei sille letter foarby komme op ús HaFaBra
ynternetstjoerder Koperkanaal.nl.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.
PERSBERICHT
17 november 2014
Concertconcours OMF op Omroplive.nl
Zaterdag 22 november van 08:30 tot en met 20:30 uur
Zeventien orkesten van verschillende muziekverenigingen uit Noord-Nerderland
komen op 22 november samen in Surhuisterveen om mee te doen aan het
concertconcours van de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF). Van
08:30 tot en met 20:30 uur is dat live te volgen op Omroplive.nl.
De muziek van 17 harmonie-, fanfare- en brassbands staat deze dag centraal. Het doel van
de dag is om te meten of de orkesten nog voldoen aan de eisen van de divisie waarin ze
spelen. De orkesten worden beoordeeld door een landelijk juryteam die bestaat uit drie
personen. Aan het concertconcours van 22 november doen dertien Friese orkesten mee.
Het concertconcours vindt plaats in de Flambou in Surhuisterveen en is gratis toegankelijk
voor iedereen. Van 08:30 tot en met 20:30 uur is het concertconcours live te bekijken en te
beluisteren via Omroplive.nl. De volgende dag, zondag 23 november, zijn de mooiste koralen
te beluisteren op Koperkanaal FM, dat zondags tussen 06:00 en 08:00 uur op Omrop Fryslân
Radio uitgezonden wordt. Alle opnamen van de dag zullen later voorbij komen op onze
HaFaBra internetzender Koperkanaal.nl.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kan u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie vn
Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.