141127 Samen voor de Voedselbank Kom yn aksje!.

PARSEBERJOCHT
27 novimber 2014
Samen voor de Voedselbank: Kom yn aksje!
Omrop Fryslân ropt minsken op om aksje te fieren
Yn alle hoeken fan de provinsje komme ferskate aksjes op gong om iten in te
sammeljen foar de aksje Samen voor de Voedselbank. Omrop Fryslân ropt harkers,
sjoggers, mar ek klups, ferienings, organisaties en skoallen op ek de kommende
wiken noch aksjes op tou te setten foar de itensbank. De produkten kinne tusken 8 en
19 desimber by Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert brocht wurde.
By Omrop Fryslân is op tiisdei 11 novimber in grutskalige aksje foar de Voedselbank fan start
gien. Yn de lêste twa wiken fan de aksje wurkje sa’n santich supermerken yn de provinsje
oan de aksje mei. De produkten dy’t nedich binne kinne dêr kocht en efterlitten wurde foar
wa’t net nei Omrop Fryslân komme kin of wol. Aksjefierders dy’t harren guod wol by de
Omrop bringe, binne te sjen op de webcam en kinne harsels fia in grut skerm op de foto
sette.
Aksjes kinne oanmeld wurde op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redaksje siket aksjes
út foar it meitsjen fan reportaazjes op radio en televyzje. Op de site is ek in oersjoch te finen
fan de dielnimmende supermerken, it lêste nijs oer de aksje en de reportaazjes dy’t makke
wurde. Fan 1 desimber ôf stiet de Omrop Cam, in app fan Omrop Fryslân, ek yn it teken fan
de aksje. Minsken kinne bygelyks in foto meitsje by harren aksje of yn de supermerk dy’t
meidocht. Alle foto's binne werom te finen yn in spesjale galery op de website.
Neist alle aksjes wurdt der hurd wurke oan in Frysk Voedselbankliet. De tekst wurdt
fersoarge troch Wiebe Kaspers en Jan Tekstra. Utfierende artysten binne ûnder oaren: Iris
Kroes, Jack Bottleneck, Harm van der Meer en it ‘Frysk All Star Koar'. De premjêre fan it liet
en de bybehearrende klip is op 5 desimber. Yn de live útstjoering op de slotdei fan de aksje
op 19 desimber wurdt it liet live spile.
Samen voor de Voedselbank is in inisjatyf fan 13 regionale omroppen yn Nederlân.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.
PERSBERICHT
27 november 2014
Samen voor de Voedselbank: Kom in actie!
Omrop Fryslân roept mensen op om actie te voeren
In alle hoeken van de provincie komen verschillende acties op gang om etenswaar in
te zamelen voor de actie Samen voor de Voedselbank. Omrop Fryslân roept
luisteraars, kijkers, maar ook clubs, verenigingen, organisaties en scholen op ook de
komende weken nog acties op touw te zetten voor de voedselbank. De producten
kunnen tussen 8 en 19 december bij Omrop Fryslân aan de Zuiderkruisweg in
Leeuwarden gebracht worden.
Bij Omrop Fryslân is op dinsdag 11 november een grootschalige actie voor de Voedselbank
van start gegaan. In de laatste twee weken van de actie werken zo’n zeventig supermarkten
in Friesland aan de actie mee. De producten die nodig zijn kunnen daar gekocht en
achtergelaten worden voor wie niet naar Omrop Fryslân wil of kan komen. Actievoerders die
hun goederen wel bij de Omrop brengen, zijn te zien op de webcam en kunnen zichzelf via
een groot scherm op de foto zetten.
Acties kunnen worden aangemeld op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redactie zoekt
acties uit voor het maken van reportages op radio en televisie. Op de site is ook een
overzicht te vinden van de deelnemende supermarkten, het laatste nieuws over de actie en
de reportages die gemaakt worden. Vanaf 1 december staat de Omrop Cam, een app van
Omrop Fryslân, ook in het teken van de actie. Mensen kunnen bijvoorbeeld een foto maken
bij hun actie of in de supermarkt die mee doet. Alle foto’s zijn terug te zien in een speciale
galerij op de website.
Naast alle acties wordt er hard gewerkt aan een Fries Voedselbanklied. De tekst is bijna
klaar en wordt verzorgd door Wiebe Kaspers en Jan Tekstra. Uitvoerende artiesten zijn
onder andere: Iris Kroes, Jack Bottleneck, Harm van der Meer en het ‘Frysk All Star Koar’.
De première van het lied en de bijbehorende clip is op 5 december. In de live uitzending op
de slotdag van de actie op 19 december wordt het lied live ten gehore gebracht.
Samen voor de Voedselbank is een initiatief van 13 regionale omroepen in Nederland.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.