winterprogramma

Itenser Rûnte 2014-2015.
Hjirby it program foar it kommende winterskoft.
Wy hoopje dat jimme it in nijsgjirrich program fine en dat jimme jimme opjouwe troch it jild
oer te meitsjen op rekkens dy’t oan de ein fan it program neamd wurde.
Jou it troch oan minsken dêr’t jimme fan tinke dat se it ek nijsgjirrich fine om mei ús mei te
dwaan.
Betûfte sprekkers út hiel Nederlân witte de wei nei Itens te finen; wy hoopje jo ek.
9 okt
Prof. Dr. T (Tjeu) van den Berk.
‘Het Oude Egypte, bakermat van het Jonge Christendom’
Dit is de titel fan it boek fan Van den Berk dat ferskynd is yn 2011 en
ûndertusken syn twadde printinge belibbet. Net yn it ortodokse Jeruzalem, it
klassike Athene of it wettyske Rome, mar yn de smeltkroes fan it gnostike
Alexandrië ûntstienen de grutte mythen fan it jonge Kristendom.
Yn dizze lêzing – en syn boek – giet de auteur werom nei de boarnen fan de
Nijl. De mythe fan Kristus is in geskink fan de Nijl.
13 nov.
Dr. Sytze Ypma:
‘Heilige van het Museumplein’ Over het heilige en God.
Begjin 2014 waard yn ús lân wiidweidich omtinken jûn oan de 100 ste bertedei
Fan Etty Hillesum, op 15 jan 1914. Troch K.Smelik waard sy wol de hillige fan
it Museumplein neamd. In protte lju dy’t har deiboeken lêzen ha, sille it hjir
mei iens wêze. As Joadske frou hat Hillesum yn de Twadde Wrâldoarloch mids
driging en geweld dy deiboeken skreaun. Fia fia binne se by útjouwerij
J.Gaarland bedarre. It wie it wichtichste manuskript dat de útjouwer ea yn
hannen krigen hie.
Wy libje yn in oare tiid, in tiid dêr’t it hillige en God earder in fraach as in feit
binne. Oan de hân fan de deiboeken fan Etty Hillesum wol ik ta in nije
formulearring fan it hillige en God komme.
Yn har deiboeken sitearret Etty H ek immen as Gustav Jung. Jung wist krekt as
Freud dat wy minsken in bewustwêzen yn lagen hawwe. Achter ús gewoane
bewustwêzen sit in symbolysk – sa’t hy it neamt – bewustwêzen. It is dit lêste
bewustwêzen dat ús in stap fierder helpe kin as it giet om it hjoeddeiske
gewaarwurden fan it hillige en God.
11 des.
Arjan Broers:
‘Lessen voor welwillende kapitalisten’
De op geld beluste bankiers konden de wereld alleen maar in een enorme
financiële crisis storten, omdat zoveel mensen hen geloofden en meededen.
Maar als ‘wij’de crisis zijn, zijn ‘wij’ook het antwoord, vindt Arjan Broers. Hij
is theoloog en journalist en schreef het boek ‘Geld en Goed’. Lessen voor
welwillende kapitalisten’.
Volgens Arjan Broers daagt deze crisis ons uit om anders te gaan kijken naar
rijkdom en groei. We zijn materieel uitgegroeid en putten de grondstoffen van
onze planeet uit. Maar als we eens gingen investeren in immateriële groei? In
het soort rijkdom waarvan we op ons sterfbed zeggen: mijn leven was rijk?
5 febr 15
Prof. Dr. Yme B. Kuiper.
Het gelijk van Simon Schama. Over realisme en religie in de Hollandse
landschapschilderkunst in de Gouden Eeuw
Dit is in presintaasje mei in beamer en bylden
12 mrt 15
Drs Jacob Slavenburg:
‘De klassieke ‘Heilige Bruiloft’ ; vroomheid of ontucht?’
In het Oude Testament wordt gefulmineerd tegen de massale orgaistische
vruchtbaarheidsrituelen. Het bijbelboek Koningen vermeldt dat Israëlische
mannen op heuvels bij offerplaatsen zich aan ontucht wijdden ‘zoals de volken
die de Heer voor de Israëlieten verdreven had’. Ezechiel klaagt over
afgodendienst in de tempel van Jeruzalem waar vrouwen Tammuz/Adonis
bewenen en in Hosea is sprake van een aanklacht tegen priesters die op
bergtoppen in gezelschap van tempelprostituees offers brengen en ‘wiens
dochters ontucht plegen’.
Wat is de achtergrond van deze gebruiken? Intens beleefde vroomheid of
ordinaire ontucht?
Jacob Slavenburg giet djipper yn op de kultuerhistoraryske achtergrûn fan
dizze ferskynsels.
Algemiene ynformaasje:
- elke jûn begjint om 20.00 oere en nei in skoft fan sa’n 20 min kin der in diskusje plak
fine of fragen steld wurde. Wy slute om 22.00 oere
- plak de Martinitsjerke yn Itens (Herfoarme tsjerke)
- opjaan kin troch € 30,00 oer te meitsjen op giro NL80 INGB 0001 3945 07 o.n.f
D.Willemsma (Itenser Rûnte) of op NL23 RABO 0349 5014 08 o.n.f Tsjerkfâdij ItensHinnaard. Namme en adres goed opjaan by de betelling.
- Yn it skoft is der kofje of tee beskikber foar €0,50.
- ynljochtings: Douwe Willemsma, Hearedyk 37, 8735 HP Itens. Tel.0515331744 of
email nei [email protected]
Wy ha ferlet fan in minimum tal dielnimmers om der út te springen. Wat earder as jimme
jimme melde, wat dúdliker as it foar ús is.
De hertlike groeten en oant sjen,
De ‘Itenser Rûnte’.