“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

DOARPSNIJS
Nûmer 377
septimber 2014
1
KOLOFON
“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op
elke lêste tongersdei fan de moanne.
It earste krantsje kaam út yn april 1982.
De redaksje:
Wiepkje Holtrop
Hedwig Beukens
Annie de Kleine
Jantsje Akkerman
Tiete Bangma
Coby Hospes
Lyklamawei 49
Hege Bouwen 2a
Lyklamawei 34
Lyklamawei 27
Heaburgen 26
Lyklamawei 23
571310
572278
571364
571889
571980
571855
E-mailadres: [email protected]
Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang:
Yme Wiersma (voorz)
Omrin 1
571557
Piet Rienstra (secr)
Omrin 2
571866
Gerrie van der Veen
De Hege Bouwen 23
572019
(penningmeester, bankrek. 3052.44.159)
Sjoukje Kramer
Wissebuurt 12
571785
Joop de Vries
Lyklamawei 15
571956
Rienk Nadema
Jaap Douwe Bokma
Hege Bouwen 25
Hoitebuorren 13
E-mailadres buertplysje: [email protected]
of www.politie.nl
2
572101
571328
STOARN
Op 17 septimber is stoarn Tine Aukema-Altena, sy is 74 jier wurden en wenne
oan de Lyklamawei.
BERNE
Op 15 septimber 2014:
Lise Fetsje Eppinga
Famke fan Wilbert en Henny Eppinga
en suske fan Jesse en Mare
Lyklamawei 6
8566 JL Nijemardum
FERHUZE
Onze zoon Piet Rienstra is verhuist naar de Ikebosker 60 in Oudemirdum.
Hij woont daar samen met zijn vriendin Suzan Zonderland van Spannenburg.
Klaas/Harmke Rienstra, Omrin 12 Nijemirdum
3
FERHUZE
Johannes en Corrie Beukens mei
Jorrit en Redmar fan de Lyklamawei
nei de buorkerij op Heaburgen 40
BEDANKT EN FERHUZJE
Langs deze weg wil ik graag iedereen bedanken voor alle belangstelling, kaarten,
bloemen en bezoekjes tijdens mijn verblijf in Doniahiem.
Dit doet mij enorm goed.
Vanaf eind september verhuis ik weer naar Nijemirdum, Heaburgen 28 in de unit
naast de boerderij. Ook daar is iedereen van harte welkom.
Met vriendelijke groet
Grietje Altena Stegenga
WOLKOM OAN NIJE YNWENNERS
Jasper en Yvonne Groenendal-Mous
mei Cayden op Lyklamawei 79
4
Fam Bak-v.d. Werf
Nij Amerika 9
Elisabeth de Vries
Hoitebuorren 4/a
Freondinne fan Wouter Feenstra
BEDANKT
In de septembermaand gaan de collectes weer van start.
De eerste week van september staat altijd in het teken van de KWFkankerbestrijding.
De collectanten hadden dit jaar mooi weer om bij
de deuren langs te gaan en er is het mooie bedrag
van € 422.91 opgehaald.
Alle gevers en collectanten heel erg bedankt, want een ieder weet dat dit o zo
nodig is/blijft.
Vriendelijke groet,
Aukje Laffra
5
HA JIM IT AL HEARD?
It is alwer septimber, alles is wer begûn en de kalinder sil by de measten wol wer
aardich fol stean.
Begjin septimber hiene wy in ynformaasjejûn fan skoalle.
Der binne fansels aardich wat nije juffen, ek yn groep 7 en 8.
Dêr steane no twa juffen dy`t oars yn it Heidenskip foar de klasse stiene.
Twa hartstikke entûsjaste juffen mei in soad nije regels en ideeën.
De bern komme alle dagen wer bliid thús.
Sa ha sy no ek de regel dat de bern foardat de belle fan master Bode giet har iten
en drinken yn de klasse behimmelje moatte.
Elkenien hat dan tiid om fruit of koeke op te iten en túnman Gert fynt minder
rommel op it plein en yn de hage.
Syn hinnen koenen der soms net tsjin ite…, safolle fûn hy op in dei.
Trouwens, no’t ik it dochs oer him ha.. wisten jim wol dat Gert ôfskied nommen
hat by de Firma Runia? Nei hast 37 jier hoecht hy dat ritsje net mear te meitsjen.
Einliks hie hy op de karre troch Nijemardum moatten.. tusken de earpels en it
hinnefoer.
Sadwaande sit hy no faak by my op de kofje. Hy hat no alle tiid.
Foar de simmerfakânsje hie ik op in dei wer wat eks-oppasbern te iten.
Hartstikke gesellich wie it wer, mei syn allen ite op de feranda.
Sjan en Ammerins hie ik út skoalle helle en sy
hiene in tekening foar my makke.
Geweldich fansels, ik bearde yn ‘t foar al, mar wist net wat der op styng.
De bern hellen it lintsje derôf en der styngen allegear strepen op.
“Sjoch” seinen se beide,“ wy ha in gedichtsje foar Wiepkje makke”.
No jonge, ik hie de triennen al yn de eagen.
Oant sy it op harren eigen wize foarliezen.
“ Rozen zijn rood, de lucht is blauw. Ik dacht dat ik lelijk was, maar toen zag ik
jou”
En bedankt…..
Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear.
Groetnis WTHP>
6
FISKWEDSTRIID NIJEMARDUM
It wie wer prachtich fiskerswaar doe’t op
30 augustus de fiskwedstriid
fan Nijemardum by de Sânfeart wie.
24 fiskers hiene har ark meinommen om de
fisken út it wetter te heljen. Fan 7 oere ôf waard der omraak angele. Foar dy
tiid hiene de measte fiskers al in gaadlik stekje opsocht. Albert Bekedam hie der
ek dit jier wer foar soarge dat we de dobbers goed sjen koene. Hy meande it
reid der wer kreas ôf. Rienk en Joop draafden hinne en wer om alle fongen fisk
by de dielnimmers op te mjitten.
Der waarden mar leafst 57 fisken omheech helle! Miskien sommige fisken wol
meardere kearen… It wie in gesellich barren, der wie sels catering foar sommige
dielnimmers; in hearlik bakje kofje!
De grutste fisk dy’t tahapte wie mar leafst 29 sm. lang en biet yn Jonah syn
heakje.
Dhr. Van Wezel, elk jier gast by de Bekedamster, wie ek wer fan de party. Hy
hie in prachtige oanmoedingspriis makke, dy’t heech boppe de Sânfeart
wappere.
Healwei de wedstriid wie it tiid foar in fersnapering foar de jeugdige fiskers.
Doe’t om healwei njoggenen it lûd kaam as teken dat der net mear fiske wurde
mocht, moast der drok rekkene wurde. Nei in dreech petear fan de
sjuery, wie it spannend wa’t dit jier de wikselbeker mei nei hûs nimme koe.
By de grutten wie dit jier de priis foar Durk Roel Wildschut. Hy hie mar leafst
8 fisken fongen mei in totale lingte fan 112 sm. Lokwinske Durk Roel, de
wikselbeker kin in jier by jimme op de skoarstienmantel stean te pronkjen
En noch in lekkere sûkerboffert foar de winner.
By de bern wie it ek oan’t lêst ta spannend wa’t der mei de priis fan troch gean
soe. Foardat it einlûd klonk, helle Jonah noch gau in grutte fisk út it wetter. Soe
dat de trochslach jûn hawwe? Doe’t alle sintimeters opteld waarden, die bliken
dat de pakesizzer fan Van Wezel, Tim, de measte lingte oan fisk fongen hie, 79
sm. Hy krige de earste priis, in slúfke. Om’t de wikselbeker yn Nijemardum
bliuwe moat, gie dy nei de winner fan de twadde priis. Jonah Postma. Hy hie 76
sm. fisk oan de heak hân, dat wiene 5 fisken.
Benjamin Postma koe de tredde priis mei nei hûs nimme, krekt as ferline jier.
Nei de priisútrikking seagen alle bern nei boppen.
7
Dêr fladdere de draak heech yn de loft. Wa soe dy dit jier krije?
De famylje Runia wie dit jier de gelokkige. Mei 4 angels it hiele
skoft fiske en mar ien fisk fongen,
mar net mei lege hannen nei hûs.
Thom wie al sa grutsk, hawwe jimme de draak al
boppe Nijemardum sjoen?
It skimere al doe’t de fiskers wer op hûs oan giene, nei in tige slagge
fiskwedstriid.
Bestjoer Doarpsbelang
Gerrie v.d. Veen
OPEN DAG BOERDERIJ
Op 15 augustus j.l. hebben we na de verbouwing en nieuwbouw van ons bedrijf
een open dag gehouden. We hebben deze gebeurtenis als zeer waardevol en
bijzonder ervaren. De grote belangstelling, de inzet van onze medewerkers , de
inspanningen van alle toeleveringsbedrijven en niet te vergeten het mooie weer,
hebben deze dag voor ons onvergetelijk gemaakt. We willen langs deze weg
iedereen van harte bedanken voor de aanwezigheid, de kaarten, bloemen en
andere cadeaus. Diegene die deze dag verhinderd was en niet van de partij kon
zijn, is alsnog van harte welkom om eens een kijkje te komen nemen op onze
boerderij.
Een hartelijke groet van,
Wilbert, Henny, Jesse, Mare en Lise Eppinga
8
WA BIN IK?
Omdat Jantsje oan de wiener schnitsel siet
en Jan de lederhozen oan hie, mochten jim
wer nei my skilje.
No, dat wie seker wer efkes wennen
want it bleau lang stil.
Mar dochs gyng de telefoan trije kear oer en
alle trije hiene it mis.
Tiny tocht dat it Wil Baukema wie, Teatske Veen
seach der Anne van der Goot yn en Tryntsje de
kapper tocht dat it Annie de Kleine wie.
Dit prachtige famke wie Rinny Hoekstra,en dat seach net ien der yn.
Diskear in foardielige moanne foar Bakker Prins.
Dizze kear wer in moai lyts famke.
Belje kin oant en mei sneon, no
mar wer nei Jantsje, 571889.
Wiepkje
9
Zaterdag 1 november
Spooktocht door Nijemirdum!!
Voor alle kinderen van de basisschool!
Van 17.00 tot 19.00 een programma met een spannend verhaal, een
griezelige spooktocht, afsluitend met een lekker hapje uit de heksenpan!
Geef je nu snel op en kom verkleed als je favoriete griezel!
Opgeven kan tot 25 oktober via de mail bij (naam + leeftijd):
Marjan de Boer
Wissebuurt 11
[email protected]
kosten: € 2, - p.p.
Graag ook opgave van ouders die mee durven als begeleiding
------De Feestcommissie!
10
HOE IS ‘T NO MEI............
Oei, nije wike ha wy wer redaksjegearkomste
en ik moat noch ' op ynterview' . Ik fyts nei de
Wissebuurt ta om Ronald Gijzen oer te heljen,
mar dy is net thús. Heit Kerst wol him wol efkes
hifkje as er thús is en ik sil moarn weromkomme.
As ik de dei dernei oanbelje,komt Ronald mei in
grutte 'smile' by de doar. Dat liket goed, mar
Ronald hat in drok skema dat ik kin pas nije wike
werom komme. Ik bin benijd.
Wêr hat er it sa drok mei? Wy sille it wol gewaar
wurde. Ik nim myn fragelist mei en belje op de ôfsprutsen dei oan.
Hy is krekt twa tellen thús. Ik seach him fytsen mei in grut stik karton efter op ' e
fyts. In hiele operaasje wie dat. Hy hat der lêst fan ' t skouder oan oerhâlden.
Wat moatst mei sa' n grutte doaze?
"Foar it âld papier" , seit Ronald.
Handich sa'n meitinker.
Ronald is 11 jier en wennet mei syn broer Marcel ( 15) en mem Sietske en Kerst
hast op it fuottenein fan ‘e Wissebuurt.
Do bist in drok baaske, hear ik wol. Wêr hast it sa drok mei?
Tiisdeis en tongersdeis moat ik traine, woansdeitemiddei bin ik oan it wurk by
myn omke Pieter yn Riis, sneontemoarns fuotbalje en middeis ek wer nei de
buorkerij. Allinnich moandeis en freeds ha ik neat.
Wat dochst dêr op de buorkerij allegear foar wurk?
Allegear putsjes.
Wat fynst it moaiste om te dwaan?
Trekkerride.
Wolst letter ek op in buorkerij wurkje?
Ja, miskien wol. Mar miskien ek wol yn in autogaraazje. Of in kombinaasje. Dat ik
letter yn myn skuorre in autogaraazje ha.
Dan hast it wol drok, liket my. Moarns earst de kij melke, dan “sleutelje” en
jûns wer melke.
“Dan nim ik krekt as myn omke in feintsje”, seit Ronald.
Meist graach fuotbalje?
Ja.
11
Hast ek in fêst plak?
Rjochtsback, efteryn.
Dan kinst net score.
Jawol, yn eigen doel.
Hast dat wolris dien?
Ja, wol 2x.
Yn watfoar groep sitsto?
Yn groep 8 by juf Janna en Juf Carla.
Jim ha no hielendal gjin master mear. Fynst dat ek spitich?
Ja, master Nikos mis ik wol. Dy koe altyd prachtich fertelle oer syn reizen. Wy ha
him nominearre foar de 'Ice Bucket Challenge' . Hiel groep 8 hat al meidien, stiet
op Facebook.
Wat fynst it moaiste fak op skoalle?
Frijwurktiid. Dan meist kieze watst dwaan wolst, bygelyks Kapla, Knexx,
kompjûter. Ik kies faak foar de kompjûter. Dan dogge wy rekkenspultsjes sa as
'Tinguely'.
Wat fynst net leuk op skoalle?
Rekkenje, taal, Ingelsk. Ingelsk is fierste maklik.
Kin juf dat net dreger meitsje? Nee.
No, dan moatte wy it ynterview fierder mar yn it Ingelsk dwaan.
Nee, dat hoecht no ek wer net.
Hoe kin it datsto sa goed yn Ingelsk bist?
Ik doch wol faak Ingelske spultsjes op ' e kompjûter en Marcel leart it my.
Ha jim ek húsdieren?
Ja, in hûn. Toby.
Wat is dyn “leavelingsbist”?
In hûn.
Praatst altyd Frysk?
Ja. Op skoalle moatte wy Nederlânsk prate mar ik praat altyd Frysk. Dat is in
bettere taal!
Oare jier giest fan de basisskoalle ôf. Hast der sin oan?
Ja, want de Stapstien is “saai”.
Hy seit it ek op sa' n wize dat jo it fuortdaliks leauwe. Wêr silst dan hinne?
Net nei de CSG. Ik wol leaver wat mei technyk dwaan of lânbou. Dus dan gean ik
nei Snits of it Hearrenfean.
Sjochst wolris nei de televyzje?
12
Ronald smyt der titels út dêr' t ik noch noait fan heard ha. Hy mei graach nei
searjes sjen dy ' t op Discovery Channel of Comedy Central komme.
En boeken lêze, is dat ek in hobby fan dy?
Ja. Ronald hat alle 12 dielen fan ' de Grijze Jager' al út. Dan praatst wol oer
boeken fan 400 bledsiden. En 3 dielen fan ' Broederband' hat er lêzen. En
fierders de Donald Duck.
Wat fynst leuke muzyk?
Hardstyle, muzyk dy' t Spinnin tv op You Tube set.
(en ik klapperje alwer mei de earen)
Fynst it moai om yn Nijemardum te wenjen?
Ja, it is in moai plakje, net sa drok as yn ' e stêd.
Hjir kinst teminsten brommerride.
Hast ek in brommer?
Ja, in Tomos, opfierd mei in nije útlit, grutte karburateur en in grutte silinder. Ha
ik fan myn omke kocht.
Hast ek in muzykynstrumint?
Nee. Dêr hat Ronald neat mei en ek hielendal gjin tiid foar, fansels.
Wêr boartest graach mei?
Mei Siku.
Ik fronselje my de wynbrauwen. Sorry, Ronald, dit moast my wer útlizze.
Trekkers fan Siku en bestjoerbere auto's.
En bûten mei ik graach hutten bouwe yn ‘e bosk, mar dy wurde dan wer stikken
makke.
Wat fynst it lekkerst om te iten?
Taco's dy' t ik sels makke ha.
Ronald fertelt hoe't er dat docht mei pipers en pittige krûden. Heit is ek fan it
pittige iten mar mem hâldt der net fan. Moast molke drinke, oars giet de tonge
dy stikken, tipt Ronald noch. En hy bakt graach caken.
Moatst jim mem/ heit wolris helpe?
Ik help mem as se der wer net útkomt op de kompjûter en heit help ik by it
sleuteljen oan de Opel Admiraal dy' t yn 'e garaazje stiet. De koppeling is stikken.
Sitst ek club? Nee, foarich jier wol, no net mear.
Kin it dy wat skele hokke klean ast oan hast?
Myn moaiste kleur is swart. Mar ik wol net alles fan swart oan ha. In T-shirt of
broek, mar net beide. Gothic fyn ik wer oerdreaun.
13
Hast ek op fakânsje west?
Wy gean alle jierren nei Denemarken. Dêr is Legolân.
En ek alle jierren mei de famylje nei Huttenheugte.
Dat is wol “geinig”.
De earste kear dat wy der wienen, bin ik hast
ferdronken. Yn in draaikolk.
Hast ek in mobyltsje?
Ja, in hiele minnenien. In Samsung.
As ik klear bin mei it wurk dan belje ik mem dat ik nei hûs fyts.
Ast no 2 winsken dwaan mochtst, wat soest dan winskje?
Dat myn laptop wer klear is en dat Nok in fuotbalstadion kriget.
Woest sels noch wat fertelle?
Nee.
No, do hast ek al hiel wat ferteld. Do hiest amper tiid om dyn koek op te iten en
it twadde bakje tee hast hielendal kâld wurde litten.
En dan freegje ik om in foto.
Dêr hâldt hy net fan, seit er.
Mar de minsken moatte dochs witte wa' t Ronald is, freegje ik. Mei ik net stikem
in foto meitsje?.. en ik wachtsje it antwurd net ôf. En ien fan dyn favorite
boartersguod?
Op it byldskerm fan ‘e televyzje toveret hy in
auto te foarskyn.
Hy bewurket him noch en makket de auto
hieltyd moaier. Dêr meitsje ik ek noch in foto fan.
As ik nei hûs sil, is Ronald noch drok oan it racen.
Moast it earst ek noch lêze, foardat ik it yn ‘t krantsje set?
Nee, hoecht net.
Do fertroust my?
Ja en neffens Sietske is dat in grut komplimint want hy fertrout net safolle
minsken.
No, dan stopje ik dat gau yn ‘e bûse en fyts hielendal bliid nei hûs.
Bedankt, Ronald.
Coby Hospes-Pietersma
14
GROEI EN BLOEI
Dit jaar het 51ste Nederlands kampioenschap bloemschikken voor amateurs en
studententeams.
Wedstrijdthema: Natuurlijke elegantie en revolutie
Tentoonstelling van de wedstrijdstukken
Zaterdag 1 november van 9.00-18.00 uur
Zondag 2 november van 10.00-17.00 uur
Gratis entree, gratis parkeren
Orchideeën hoeve
Oosterringweg 34
8315 PV Luttelgeest
Met vriendelijke groet,
Tiete Groenhof
TUNMANNEN
Arnold Rozema en Teun Stoker ha jierren de tún om it doarpshûs hinne
ûnderholden mar se wolle der no mei ophâlde.
Dus no binne we op ‘e siik nei in pear griene fingers…
Liket it jo wat ta om sa no en dan wat om it doarpshûs hinne te skarreljen?
Klaas hat de kofje klear..
Jim kinne dan kontakt opnimme mei ien fan de bestjoersleden.
Wiepkje 571310
15
SANDER DE ROUWE
KOMT NAAR NIJEMIRDUM
Vorig jaar oktober werd door een
werkgroep onder de naam ‘Meer met minder’ voor het eerst een avond
georganiseerd met als voornaamste onderwerp het leven en werken van mensen
in onze samenleving. Uit deze werkgroep is in april van dit jaar de stichting
‘Solewe’ ontstaan. Het begrip ‘Solewe’ staat voor ‘solidair in leven en in werken’.
Met dit motto als uitgangspunt zijn de leden van de toenmalige werkgroep en
dus nu stichting in januari 2014 met het opzetten van een maandelijks
inloopcafé begonnen. Dit inloopcafé is onder meer opgezet om mensen zonder
werk of die dreigen zonder werk te raken met elkaar en anderen in contact te
brengen. Elke laatste vrijdag van de maand is het geopend in meestal ’t
Doarpshûs te Nijemirdum van 9.00 tot 11.00 uur. Meer informatie hierover is te
vinden op de website van de stichting.
Nu is voor maandag 13 oktober 2014 het Tweede Kamerlid Sander de Rouwe
door de leden van stichting ‘Solewe’ uitgenodigd. Hem zullen stellingen op het
terrein van leven en werken worden voorgelegd. Op stellingen als ‘de werkdruk
wordt de mensen steeds meer te groot. Wat doen we hieraan?’ zal zijn reactie
gevraagd worden. Vervolgens is er voor de andere aanwezigen gelegenheid met
het kamerlid hierover in discussie te gaan.
De avond zal om 20.00 uur beginnen en wordt gehouden in ’t Doarpshûs te
Nijemirdum. Een kwartier voor de aanvang zal de zaal geopend zijn.
Sjoerd Postma
16
Bazaarcommissie “de Fontein” organiseert
ten bate van de O.N.S gemeente haar jaarlijkse
BAZAAR
op
Zaterdag 18 oktober 2014
van 9.30 uur tot 15.00 uur
in MFC “It KLIF” te OUDEMIRDUM
met
Draaiend rad, Sekje smite, Knikkerbal, Flip–over,
Doordruk spel, Mini Bingo, Top draaien
en
Raadspelletjes, alles met mooie prijzen te winnen!!!!
Verder is er o.a te koop
Allerlei soorten jam en gelei
Honing
Zoetzuur van augurk en courgette
Tulpen – en narcis bollen, in de mooiste kleuren
Kaarten in velerlei soorten, handgemaakt
Cadeauartikelen
Kabouters, handgeschilderd
Bloemdecoraties, kransen en viooltjes in pot
Etagères voor vogelvoer in verschillende uitvoeringen
Houten voorwerpen, handgemaakt
Eigengebakken koek en cake
Zelfgemaakte yoghurt
Natuurlijk…….de gebreide sokken, ook op nabestelling
In de speciale koffiehoek is er gelegenheid voor
een aangekleed bakje koffie, thee of fris.
KORTOM, VOLOP SFEER
Dit alles mag U niet missen.
Reserveer de datum, plaats en tijd in Uw agenda
17
BINGO
Sneon 18 oktober ha we wer in gesellige bingo yn it doarpshûs fan Nijemardum.
We begjinne om 20.00 oere en diskear ha we allegear jildprizen.
Dus nim jim beurs mei want wa wit komst mei mear jild thús as doest fuortgien
bist.
De lokaalferiening
‘PRATENDE’ RODE KATER
Al een paar weken loopt hier een rode kater om . Heel lief en verschrikkelijk
hongerig. Als hij bij me komt, wat hij graag doet, dan "praat" hij. Dit doet
hij ook tijdens het eten. Wie mist dit lieve dier, ik kan hem niet houden wij
hebben al een kat.
Annemien Hendriks
WEER THUIS: Josje, mijn main-coon poes
En dan komt er een telefoontje, Roel Feenstra aan de lijn.
Hij heeft een vreemde poes in de schuur, zelf heeft hij een
aanlooppoes, die eet in de schuur. Maar nu durft ze niet
meer naar binnen. Even aan Annoesjka vragen of zij het weet van wie die is.
Ja vast wel, 't stond in het 'doarpskrantsje' . Roel mij bellen en ik direct erheen.
Jaja, 't is Josje.
Ze was moeilijk te vangen, maar ze is weer bij mij. Wel nog steeds schichtig.
Maar ik heb geduld.
Nu heet ze Josefien, want het blijft een dame!!
Willy Meischke
18
IT HIMD FAN IT GAT
As ik him freegje foar in ynterview,
seit Harm van Bommel fuortendaliks “ja”!
In pear dagen letter fyts ik nei him ta,
de bern binne nei skoalle, dus alle tiid
foar dit “ himd fan it gat”. Harm hat de
kofje al klear en foardat we úteinsette
krij ik earst in rûnlieding troch harren
tydlike wenromte. It fernuveret my
hoefolle romte der yn dizze keten sit.
It is fansels net te fergelykjen mei in
gewoan hûs. Elk hat in eigen keammerke
en dan is der ek noch romte oer foar in badkeamer, keuken en keamer. Harm is
46 jier lyn berne yn Helmond. Hy hat syn frou Antje (einliks freondinne, want se
binne net troud) moete op fakânsje yn Valkenburg en is sa yn Fryslân bedarre.
Tegearre ha se trije jongens krigen, Job, Bart en Tijn. Mei de katten Doerak en
Bengel wenje se op de Hege Bouwen 9. Harm praat Nederlânsk en ek al hat hy
der gjin beswier tsjin dat ik de fragen yn it Frysk stel, want sels syn bern prate
Frysk tsjin him, it slagget my net om dat te dwaan. Dêrom wurdt it diskear in
ynterview yn it Nederlânsk.
Wat voor opleiding heb je gedaan?
Ik heb een blauwe maandag op de Technische Universiteit in Delft gezeten. Daar
heb ik heel veel geleerd alleen geen enkel diploma aan overgehouden. Daarna
heb ik een jaar HTS in Den Haag gedaan. Ik dacht: een niveau lager, misschien
past mij dat beter. Ook hier heb ik heel veel geleerd aan buitenschoolse
activiteiten, maar de propaedeuse heb ik afgemaakt en verder niet. Vervolgens
ben ik het bankwezen ingerold en daar heb ik de nodige vakopleidingen gedaan.
Wat voor werk doe je?
Ik heb nu een incasso- en administratiebureau. Ik ben zelfstandig ondernemer en
heb een eenmanszaak. En heb je het hiermee wat druk? Ik kan het zo druk
maken als ik zelf wil. Maar ik moet ook geregeld nee zeggen. In principe is er
werk genoeg, maar je moet van te voren wel goed bekijken of je er wat mee kunt
verdienen. Wanneer je het niet tot een goed einde brengt, maar wel veel kosten
maakt en deze wilt doorberekenen, dan is het voor een opdrachtgever niet erg
19
aantrekkelijk. Daarnaast werkt Antje fulltime, dus het betekent dat ik voor het
grootste deel de kinderen opvang, boodschappen doe en dat soort dingen. Nu
kan dat voor mij ook heel gemakkelijk, want het maakt mij niet uit of ik ’s avonds
of in de weekenden moet werken. Maar daarnaast heb je natuurlijk ook nog een
leven, dus ik werk niet fulltime.
Heb je voordat je met je incassobureau
bent begonnen ook nog ander werk gedaan?
Ja, ik heb in het bank- en verzekeringswezen
gezeten. In Den Haag en in Friesland heb ik bij een aantal banken gewerkt.
Hierdoor ben ik ook bij de incasso terecht gekomen.
Wat wou je vroeger als kind graag worden?
Vroeger ging mijn interesse naar de techniek. Daarom ben ik ook met die
opleidingen begonnen. Door mijn vader ben ik eigenlijk in het bankwezen
beland. Hij werkt ook voor een bank en zo kon ik daar in de vakanties terecht
voor vakantiewerk. Het is mij van huis uit meegegeven.
Wat zijn je hobby’s?
Ik zit eigenlijk nooit stil, maar een echte hobby heb ik niet. Ik heb wel muziek
gemaakt, maar daar ben ik een paar jaar geleden mee gestopt. Sowieso met
kinderen heb je heel veel om handen, de hobby’s van je kinderen worden
automatisch jouw hobby’s. Je moet ze toch vaak brengen en halen. Ik mag hier
thuis graag wat “omsteuren”. Wat in de tuin werken, wat knutselen of aan de
auto van Antje sleutelen. De kinderen hebben een quad waar ook regelmatig
wat aan mankeert, dat vind ik dan wel leuk om te repareren.
Waar mogen ze je midden in de nacht voor wakker maken?
Dat lukt niet! Je krijgt mij ’s nachts niet wakker! Dit tot ergernis van Antje, want
als de kinderen komen dan gaan ze automatisch naar haar toe, ze weten dat ik
niet wakker word. En mocht ik al wakker worden dan ben ik enorm chagrijnig,
dus reden genoeg om naar Antje te gaan. Ik ben aan één kant doof en ik lig altijd
op het oor waar ik wel mee hoor. Dus dat is lekker stil.
Wat vind je een grote ergernis?
Ik vind asociaal gedrag een ergernis, in de breedste zin van het woord. Het kan
bijvoorbeeld gaan over overal je rotzooi neergooien op straat of in de natuur,
nutteloos links blijven rijden of vernielen. Onbeleefdheid vind ik ook niet
kunnen.
Wat vind je een prachtig boek?
Ik lees heel veel, maar meer vakinformatie, nieuws en zo op internet.
20
In de vakantie lees ik boeken, voornamelijk thrillers. Ik ben nu nog in een boek
bezig. Ik moet mijn aandacht er wel bij hebben, ik kan slecht lezen als de
kinderen er “omheen” spelen.
Wat voor tv-programma of film vind je mooi?
Ik houd wel van spannende films, thrillers. Wat ik verder op tv zie is heel
uiteenlopend zoals Dokter Tinus, The Voice Of Holland of NCIS. Ik vind het leuk
om met zijn allen te kijken.
Wat voor muziek mag je graag horen?
Gewoon de radio. Radio 538 of radio 3, ik houd van afwisseling. Ik vind soms wel
dat ze tussendoor te veel zeuren en zaniken en dat het nergens over gaat. Ik
luister vooral in de auto. Thuis heb ik eigenlijk de radio nooit aan, dan ben ik met
andere dingen bezig.
Wat is je grootste miskoop?
Grote miskopen heb ik nog nooit gedaan, ik ga nooit over één nacht ijs. Met
kleine dingetjes heb ik dat wel. Dan is het wel eens van goedkoop is duurkoop.
Wat is je favoriete vakantieplek?
Ik heb niet echt een favoriete vakantieplek,
want ik wil eigenlijk ieder jaar weer ergens
anders naar toe. Als ik ergens geweest ben
ga ik in principe niet weer terug. Maar we zijn
nu voor de derde keer in Italië geweest, elke
keer in een andere regio. Dus dat is misschien
wel ons favoriete vakantieland.
Wat is het verste plekje op de wereld waar je ooit geweest bent?
Australië! Samen met Antje ben ik daar 4 weken geweest. We hadden een paar
binnenlandse vluchten, dus we hebben veel kunnen zien.
Welk gebouw mogen ze wat jou betreft wel afbreken?
Er is niet iets wat mij dermate stoort dat ze het mogen afbreken. Ik heb er de
laatste tijd wel extra opgelet, omdat ik ons nieuwe huis ook zelf getekend heb en
er telkens weer punten waren waarop het werd afgekeurd. Dan zag ik wel eens
huizen die iets hadden, waarvan ik dacht “dat ze dat wel goedkeuren”. Maar ik
kan niet iets specifieks noemen wat gelijk afgebroken moet worden.
Zou het Fries over 100 jaar nog bestaan?
Geen idee! Ik heb daar niet zo’n visie over. Sommige woorden vind ik nog wel
eens lastig. Zoals een heel of een half brood of “sneon” en “snein”. Ik versta het
verder wel goed. Kun je ons dorpskrantje dan wel lezen?
21
Ja, ik kan heel goed Fries lezen. Gewoon hardop lezen, dan hoor je het en dan
weet je wat er bedoeld wordt. En mijn kinderen praten ook altijd Fries tegen mij,
dat vind ik ook wel heel bijzonder. Dus wat dat betreft denk ik dat het Fries wel
gehandhaafd blijft, maar er sluipt natuurlijk ook steeds meer Engels in.
Waar kan je beslist niet zonder?
In materieel opzicht kan ik zonder alles, dat merk ik wel op vakantie. Er zijn heel
veel gemaksvoorwerpen en als die er zijn dan moet je ze ook gebruiken vind ik.
Zoals een mobiele telefoon. En ik gebruik de computer ook overal voor, maar je
zou er best zonder kunnen.
Mis je ook winkels in Nijemirdum?
Nee. Ik ga ook alleen maar naar de winkel in Oudemirdum als ik iets vergeten
ben. Ik ga veel liever naar Balk, een grotere winkel, royale keus en wat
goedkoper. Ik snap dat er in Nijemirdum geen winkels zijn, want dat heeft geen
bestaansrecht. Het mooie aan Nijemirdum vind ik, is dat het een klein dorp is.
Het hoeft van mij ook niet groter, er hoeft niet van alles te komen wat allemaal
drukte met zich meebrengt.
Wat vind je absoluut niet kunnen?
Geweld in de ruimste zin van het woord. Vernielen, terrorisme, zinloos geweld.
Waar denk je met veel plezier aan terug?
Vakanties! Dat is vaak maar 2 of 3 weken, maar je kunt er veel langer op teren
door de mooie herinneringen.
Wat voor eten maak je graag klaar?
Ik kook graag, maar het plezierigste kookt het als het ook lekker opgegeten
wordt. Dus met de kinderen moet je niet al te gek doen met koken. Ik kook graag
stamppot en pasta, maar ik vind het ook leuk om de dagelijkse kost lekker te
bereiden.
Wat vind je de mooiste tijd van het jaar en waarom?
De zomer, omdat het lekker warm en lang licht is. Dan kun je nog heerlijk buiten
zijn.
Wil je verder nog iets kwijt?
Iedereen zal wel benieuwd zijn wanneer we nu eens gaan bouwen. Maar het is
bijna zover! De laatste puntjes moeten nog op de i en dan kunnen we beginnen.
De zevende tekening is pas goedgekeurd op het voorontwerp en ons definitieve
ontwerp wijkt daar niet van af, dus dat zal wel goed komen.
De bedoeling is dat we over een paar weken los gaan.
Hedwig
22
NIJEMARDUMER VOLLEYBALTOERNOAI
Trochdat wy foar de simmer itWK fuotbal
hienen, wie der doegjin plak foar it Nijemardumer volleybaltoernoai. Sadwaande soenen
wy tiisdei 19 en freed 22 augustus de wedstriden spylje mar it waar smiet de kat yn ' t jern.
It reinde as de see. De middeis om 5 oere ha wy
it fjild besjoen. It iene fjild waard goed kard mar
it oare wie net fertroud. " Wy goaie der wat giel
sân oer, sei Bauke, dan kin it wol trochgean “.
Ek Wilbert hie gjin beswier tsjin wat ekstra sân
yn ' t lân en neffens Piet Paulusma bleau it de jûns droech dus gjin reden om it ôf
te blazen. It rûn dôchs wat oars. Wy wienen noch mar krekt begûn of it earste
buike foel al nei ûnderen. Dêrnei wie it wer droech mar dat duorre noch gjin 5
minuten of it reinde wer by amerfollen. De spilers flechten nei it doarpshûs of
nei de stâl. It fjild stie op plakken knap ûnder wetter. Wy hienen noch mar 3
wedstriden hân mar moasten it programma, omwille fan ‘e feilichheid, ôfblaze.
Freed mar wer ris yn 't waar sjen. Dy deis wie it noch helte slimmer. Om 5 oere
ha wy de oanfierders berjochte dat wy it hiele toernoai de oare wike oerdwaan
soenen. Wy hâlden de berjochten goed yn ' e gaten en hienen alwer pine yn ' t
liif want tiisdei waard wer in soad wetter ferwachte. Dat kaam der ek, allinnich
net by ús. Fryslân hie de beste kaarten en de sinne soarge derfoar dat it fjild
moai opdroege.
Wy koarten de wedstriden yn oant 10 minuten sadat wy foar it tsjuster klear
wêze koenen. En dat slagge. Mei help fan ferskate ynfallers hiene alle teams
genôch spilers en koe der balle wurde. Yn in soad wedstriden wie te sjen dat de
bal net lang oan ien kant bleau mar sa gau mooglik oer it net dropt waard en
faak krekt sa gau wer werom kaam. Fan oerspylje ha de measten gjin brea iten.
Hoewol’t dat just sa belangryk is. Ik wit dat it rekreaasjeteam fan Nok noch wol
wat leden brûke kin, dus jou jim op.
Ek freed wie de sfear goed. Mei in soad nocht waard it spultsje spile. En ek doe
wie de ynset optimaal! Wat sommige spilers net oandoarden om de bal te
rêden! Dêr nim ik de pet foar ôf. En dat doch ik ek foar in hiel trouwe supporter.
Yn ' e rein stie se oan ' e kant de spilers oan te moedigen en in wike letter wie se
wer fan ' e partij. Rinny Hoekstra! Super! Dêr kinne in soad Nijemardummers in
23
foarbyld oan nimme.
Foar it oare jier ha wy wer hiel wat ekstra nammen op papier. Elkenien dy ' t
ynfallen hat, mei dan meidwaan. Wy misse noch wol in soad froulju. Kom op,
fammen. It is safolle leuker mei jim derby.
Nei’t de lêste wedstryd spile wie en it fjild wer opromme, binne wy oan it tellen
gien. Grutte ferskillen dit kear. Der wienen teams dy 't mar 1 wûn hienen en
teams dy ' t alles wûn hienen.
De pûdelpriis wie foar de ‘Arnhemse meisjes’ mei mar 3 punten: Sjoukje Kramer,
Wytze Rienstra, Bart Baas, Wouter Postma en Hendrik de Roos. Omdat se mar
wat út harren noas iten ha, krigen se as priis in puntsjesliper yn ' e foarm fan in
noas.
De 7de priis wie foar ‘de Meppeler klokkies’ en ‘de Deventer koeken’ mei 6
punten.
De 6de priis gie nei ‘de Zeeuwse babbelaars’ mei 8 punten en ‘de Edammer
kazen’ hienen de 5de priis mei 12 punten.
De ‘Potjebrajers’ hienen 15 punten en dêrmei wie de 4de priis foar harren.
De 3de priis, in moaie bidon, wie foar ‘de Limburgse vlaaien’: Wieger Pietersma,
Jeltsje Draayer, Jacob Brandenburg, Jeroen Alders en Wilbert Eppinga. Sy hienen
16 punten.
De ‘Fryske dumkes’: Wiepkje Holtrop, Willem Hospes, André Gersjes, Johannes
Rienstra, Douwe Tjeerd Bosma en Gert Jaap Runia fertsjinnen de twadde priis
mei 17 punten en gienen nei hûs mei in moaie blokkalinder.
De winners fan it Nijemardummer volleybaltoernoai 2014 binne ‘de Kniepertjes’
mei 24 punten. De wikselbeker en foar alle spilers in moaie volleybal gienen nei:
Johnny Bosma, Bauke Beukens, Evert Nadema, Siegfried Postma en Rienk
Nadema. Lokwinske!
Alle spilers, tellers, skiedsrjochters en taskôgers: bedankt! Oare jier rekkenje wy
wer op jim.
Coby Hospes- Pietersma
24
SISWIZE FAN DE MOANNE:
Men moat in soad studearre ha
om in bytsje te witten
25
DE STIPERS
Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht
wurde:
Paul Baas
Harmen en Lieske Bangma
Albert en Jeannet Bekedam
Bauke Beukens
Doede Bosma
Harm van Bommel
Jan Buma
Johan A. Dijkstra
Jelle Eppinga
Arjan Hendriks
Halbe Hielkema
Tryntsje de Jong-Rienstra
Ede Groenhof
Cees en Johannes v.d. Meer
Martin Mensonides
Hendrik Postma
Douwe en Froukje Prins
Fam. K. Rienstra
Runia Fourage BV
Runia Transport BV
Jan-Dirk van der Tol
VandeLinde Associates
Earnst P. Veenstra
Annoesjka de Vries
De Vries
De Klussenbaas
Camping De Groninger
Melkveehouderij/luxe appartementen
Garant Zaden
Klussenbedrijf
VB administratie
Buma Handel
Dierenarts
Boomkwekerij
SDS Balk Startmotoren en dynamo’s
Bouw- en onderhoudsbedrijf
Kapsalon Tryntsje
Transportbedrijf/verhuizingen
Van der Meer Mechanisatie
Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele
werktuigen
Motorenrevisie/reparatie
Bakkerij Prins, Harich
Beheerders dorpshuis
(Klein)diervoeders, aardappelen enz.
Transportbedrijf
Feedcentre B.V.
Journalistieke Producties
Hovenier
Pedicure
Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by
de minsken thús komt.
26
AGINDA
27 septimber : Frijmerk
13 oktober
: Solewe: Sander de Rouwe
18 oktober
: Bingo
1 novimber
: Spooktocht
Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier
ophelle.
IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 30 oktober 2014.
KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 22 oktober.
by ien fan de redaksjeleden
in e-mail stjoere kin ek: [email protected]
27