Hynstekeuring 2015 live by Omrop Fryslân

PARSEBERJOCHT
22 desimber 2014
Hynstekeuring 2015 live by Omrop Fryslân
Hynstekeuring ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’ op televyzje en Omroplive.nl
It Frysk Hynder stiet 8, 9 en 10 jannewaris 2015 wer yn de ‘spotlights’ by de jierlikse
hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. Sneon 10 jannewaris
stjoert Omrop Fryslân de keuring fan de stamboekhynsten live út op Omrop Fryslân
Televyzje en Omroplive.nl, fan 8:30 oere ôf. Sjoggers kinne reagearje fia sms:
06 20 499 199 en twitter: #HK2015.
By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator
Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Friesch PaardenStamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de
útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en ek foar de earste kear mei Dútsk
kommentaar. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei
is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Trije jier efterinoar waard
‘Norbert 444’ de grutte kampioen, mar hokker hynst sil op 10 jannewaris de titel bemachtigje?
Dat wurdt tusken 17:00 en 17:30 oere bekend.
De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ is
bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten.
Mar alle jierren is der ek in showjûn. Op freed 9 jannewaris fan 20:00 oere ôf is de pyste
omboud foar de show: ‘Relaasje tusken minske & hynder’. It ynternasjonale karakter fan de
Fryske hynders komt ta útdrukking yn de showjûn. Dielnimmers út Súd-Afrika, Sweden, Ingelân
en sels Amearika komme spesjaal foar dizze show nei Ljouwert. De kür op muzyk ûnder
begelieding fan nimmen oars as Wibi Soerjadi sil bjusterbaarlik wurde. Ek Joey, it hynder út de
musical ‘Warhorse’, komt foarby en Gerrit Breteler sjongt tegearre mei Mintsje de Boer in
prachtich liet. Dat alles wurdt ôfwiksele mei túchrubriken yn ferskate foarmen, in ymposante
frouljuskarrûselgroep en de jongste dielnimmer hielendal út Amearika: de tsienjierrige
Erica Matherly.
Hynstekeuring Live
Sneon 10 jannewaris fan 8:30 oere ôf op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje.
Yn it skoft tusken 12:00 en 12:30 oere is in kompilaasje fan de showjûn te sjen.
Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.
Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. De Omrop makket radio en televyzje yn it Frysk en is dêrmei de ienige stjoerder
fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert.
De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) is it âldste en op ien nei grutste hynstestamboek yn Nederlân en
hat goed 12.000 leden yn binnen- en bûtenlân. Yn totaal steane likernôch 60.000 Fryske hynders ynskreaun.
Noat foar de redaksje:
- Foto: Hynstekeuring. Fotograaf: Diana Bloemendaal.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje
fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 en mei Marijke Akkerman fan it KFPS: 06 122 89 683.
PERSBERICHT
22 december 2014
Hengstenkeuring 2015 live bij Omrop Fryslân
Hengstenkeuring ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’ op televisie en Omroplive.nl
Het Frysk Hynder, het Friese Paard, staat 8, 9 en 10 januari 2015 weer in de ‘spotlights’ bij
de jaarlijkse hengstenkeuring van ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ in Leeuwarden.
Zaterdag 10 januari zendt Omrop Fryslân vanaf 8:30 uur de keuring van de
stamboekhengsten live uit op Omrop Fryslân Televisie en Omroplive.nl. Kijkers kunnen
reageren via sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK2015.
Bij de beelden van de hengstenkeuring op zaterdag wordt live commentaar geleverd door
presentator Gerrit de Boer van Omrop Fryslân en deskundige Henk Dijkstra van ‘Het Friesch
Paarden-Stamboek’. Het commentaar wordt afgewisseld met interviews. Voor buitenlandse
kijkers is de uitzending op internet te volgen met Engels commentaar en ook voor de eerste
keer met Duits commentaar. Naast de keuringen zijn er showrubrieken te zien, maar het
hoogtepunt van de dag is ieder jaar de benoeming van de ‘Kampioen stamboekhengst’.
Drie jaar op rij werd ‘Norbert 444’ de grote kampioen, maar welke hengst gaat op 10 januari de
titel veroveren? Dat wordt tussen 17:00 en 17:30 uur bekend.
De jaarlijkse hengstenkeuring van de Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ is
bedoeld als selectie voor jonge hengsten en keuring van de goedgekeurde KFPSstamboekhengsten. Maar ieder jaar is er ook een showavond. Op vrijdag 9 januari vanaf 20:00
uur is de piste omgebouwd voor de show: ‘Relatie tussen mens & paard’. Het internationale
karakter van de Friese paarden komt tot uitdrukking tijdens de showavond. Deelnemers uit ZuidAfrika, Zweden, Engeland en zelfs Amerika komen speciaal voor deze show naar Leeuwarden.
Adembenemend zal de kür op muziek worden, onder begeleiding van niemand minder dan
Wibi Soerjadi. Ook Joey, het paard uit de musical ‘Warhorse’, komt voorbij en Gerrit Breteler
zingt samen met Mintsje de Boer een prachtig lied. Dit alles wordt afgewisseld met tuigrubrieken
in verschillende vormen, een imposante damescarrouselgroep en de jongste deelnemer
helemaal uit Amerika: de tienjarige Erica Matherly.
Hengstenkeuring Live
Zaterdag 10 januari vanaf 8:30 uur op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televisie.
In de pauze tussen 12:00 en 12:30 uur is een compilatie van de showavond te zien.
Meer informatie over het programma van de hengstenkeuring is te vinden op www.kfps.nl.
Omrop Fryslân is de regionale zender van Fryslân. De omroep maakt radio en televisie in het Fries en is daarmee de enige zender in
Nederland die niet in het Nederlands uitzendt.
De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) is het oudste en op één na grootste paardenstamboek in
Nederland en telt meer dan 12.000 leden in binnen- en buitenland. In totaal staan ongeveer 60.000 Friese paarden ingeschreven.
Noot voor de redactie:
- Foto: Hengstenkeuring. Fotograaf: Diana Bloemendaal.
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie van
Omrop Fryslân: 058 299 7876 en met Marijke Akkerman van het KFPS: 06 122 89 683.