Hoe fine Friezen harren lok yn Frankryk?

PARSEBERJOCHT
9 maaie 2014
Hoe fine Friezen harren lok yn Frankryk?
Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio en Ynternet
Hoe fine Friezen harren lok yn Frankryk? Fan 10 maaie ôf sille Aukje de Hoop en Sippy
Tigchelaar foar it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân op syk nei it
antwurd op dy fraach. Sy reizgje ôf nei it lân fan de Tour de France en de fakânsje, it
lân fan de Route du Soleil en de Eiffeltoer, op syk nei Friezen dy’t dêr harren lok
sochten.
Nei’t Aukje en Sippy twa jier ferlyn op besite wienen by Friezen om utens yn Sweden, geane
sy dit jier nei Frankryk. Sy wolle útfine hoe’t dy ‘loksikers’ mei roots yn Fryslân harren draai
fûn hawwe yn Frankryk. Dat dogge sy troch it deistige libben mei te meitsjen, sawol thús as
op it wurk. Njonken dat sy yn de kunde komme mei de Fryske Frânsen, wolle sy ek de
kultuer fan ‘La Douce France’ opsnuve. Underwerpen lykas it ûnderwiis, de polityk, de
skiednis, de gewoanten en de natuer komme oan de oarder.
Sneon 10 maaie stappe de froulju yn de auto, op nei Parys. Har earste stop is op de
Champs-Elysées 116: it Lido. Yn Bretagne bringe sy in besite oan ien fan de prachtige
kastielen. Fia Normandië en de Dordogne dale sy ôf nei it suden, dêr geane sy nei in
Boeddhistysk kleaster en in boerefamylje. Dêrneist treffe sy in Fries dy't prizen wint mei syn
Frânske gedichten en in eardere wethâlder yn Marseille.
Yn in rige fan tolve sfearfolle programma’s sil de reis fan Aukje en Sippy oankommende
simmer útstjoerd wurde yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Wa’t no
alfêst meigenietsje wol fan de reis kin dat dwaan troch it reisferslach fan de froulju te folgjen
fia: www.omropfryslan.nl/blog/frankryk. De rige útstjoerings is te hearren fan 22 juny oant en
mei 7 septimber op Omrop Fryslân Radio, alle sneins tusken 12:00 en 13:00 oere.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
PERSBERICHT
9 mei 2014
Hoe vinden Friezen hun geluk in Frankrijk?
Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio en Internet
Hoe vinden Friezen hun geluk in Frankrijk? Vanaf 10 mei gaan Aukje de Hoop en Sippy
Tigchelaar voor het radioprogramma Buro de Vries van Omrop Fryslân op zoek naar
het antwoord op deze vraag. Ze reizen af naar het land van de Tour de France en de
vakantie, het land van de Route du Soleil en de Eiffeltoren, op zoek naar Friezen die
daar hun geluk zochten.
Nadat Aukje en Sippy twee jaar geleden op bezoek waren bij Friezen die naar Zweden
vertrokken zijn, gaan zij dit jaar naar Frankrijk. Ze willen uitzoeken hoe deze ‘gelukzoekers’
met roots in Friesland hun draai hebben gevonden in Frankrijk. Dit doen zij door het dagelijks
leven mee te maken, zowel thuis als op het werk. Behalve dat zij kennis maken met de
Friese Fransen, willen ze ook de cultuur van ‘La Douce France’ opsnuiven. Onderwerpen als
het onderwijs, de politiek, de geschiedenis, de gewoontes en de natuur komen aan de orde.
Zaterdag 10 mei stappen de vrouwen in de auto, op naar Parijs. Hun eerste stop is op de
Champs-Elysées 116: het Lido. In Bretagne brengen ze een bezoek aan één van de
prachtige kastelen. Via Normandië en de Dordogne dalen ze af naar het zuiden, daar gaan
ze naar een Boeddhistisch klooster en een boerenfamilie. Daarnaast treffen ze een Fries die
prijzen wint met zijn Franse gedichten en een eerdere wethouder in Marseille.
In een reeks van twaalf sfeervolle programma’s zal de reis van Aukje en Sippy komende
zomer uitgezonden worden in het radioprogramma Buro de Vries van Omrop Fryslân. Wie nu
alvast wil meegenieten van de reis kan dit doen door het reisverslag van de beide vrouwen
te volgen via: www.omropfryslan.nl/blog/frankryk. De reeks uitzendingen is te horen van 22
juni tot 7 september op Omrop Fryslân Radio, iedere zondag tussen 12:00 en 13:00 uur.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel: 058 299 7876.