141111 Omrop Fryslân yn aksje foar de Voedselbank

PARSEBERJOCHT
11 novimber 2014
Omrop Fryslân yn aksje foar de Voedselbank
By Omrop Fryslân is op tiisdei 11 novimber in grutskalige aksje foar de Voedselbank
fan start gien. Oan ynwenners fan de provinsje, ferienings en klups wurdt frege de
kommende wiken aksjes op tou te setten om hâldber itensguod yn te sammeljen en dy
tusken 8 en 19 desimber nei Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert te
bringen. In grut tal supermerken wurket dy lêste twa wiken oan de aksje mei.
Yn Fryslân wurde lykas yn hiel Nederlân hieltyd mear minsken ôfhinklik fan de itensbank. De
Voedselbanken yn Fryslân sette de skouders derûnder om al dy minsken alle dagen wer fan
iten te foarsjen. Dêr binne in hiel soad produkten foar nedich. Omrop Fryslân en noch tolve
oare regionale omroppen roppe de kommende wiken op aksje te fieren foar de Voedselbank
om de foarrieden yn harren depots oan te foljen.
De earste aksjes binne al bekend. Ynwenners fan Wynjewâld binne op 12 desimber yn
midsieuske sfearen om guod yn te sammeljen. Yn Grou kinne minsken op sneon 13
desimber harren produkten by in autentyk skûtsje ynleverje. It skûtsje wurdt nei Ljouwert syld
om it guod by Omrop Fryslân te bringen.
Aksjes kinne oanmeld wurde op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redaksje siket aksjes
út foar it meitsjen fan reportaazjes. Op de site is ek in oersjoch te finen fan de dielnimmende
supermerken, it lêste nijs oer de aksje en de reportaazjes dy’t makke wurde.
Op radio, televyzje en ynternet is rom omtinken foar de aksje foar de Voedselbank.
Aksjefierders dy’t harren guod bringe, binne te sjen op de webcam en kinne harsels fia in
grut skerm op de foto sette. Omrop Fryslân slút de aksje ôf mei in live-televyzjeprogramma
op 19 desimber.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
PERSBERICHT
11 november 2014
Omrop Fryslân in actie voor de Voedselbank
Bij Omrop Fryslân is op dinsdag 11 november een grootschalige actie voor de
Voedselbank van start gegaan. Aan inwoners van de provincie, verenigingen en clubs
wordt gevraagd de komende weken acties te voeren om houdbare etenswaren in te
zamelen en die tussen 8 en 19 december naar Omrop Fryslân aan de Zuiderkruisweg
in Leeuwarden te brengen. Een groot aantal supermarkten werkt die laatste twee
weken mee aan de actie.
In Friesland worden net als in heel Nederland steeds meer mensen afhankelijk van de
voedselbank. De Voedselbanken in Friesland zetten de schouders eronder om al die
mensen iedere dag weer van eten te voorzien. Daar zijn veel producten voor nodig. Omrop
Fryslân en nog twaalf andere regionale omroepen roepen de komende weken op actie te
voeren voor de Voedselbank om de voorraden in hun depots aan te vullen.
De eerste acties zijn al bekend. Inwoners van Wijnjewoude zijn op 12 december in
middeleeuwse sferen om goederen in te zamelen. In Grou kunnen mensen op zaterdag 13
december hun producten bij een authentiek skûtsje inleveren. Het skûtsje zeilt vervolgens
naar Leeuwarden om de spullen bij Omrop Fryslân te brengen.
Acties kunnen worden aangemeld op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redactie zoekt
acties uit voor het maken van reportages. Op de site is ook een overzicht te vinden van de
deelnemende supermarkten, het laatste nieuws over de actie en de reportages die gemaakt
worden.
Op radio, televisie en internet is ruim aandacht voor de actie voor de Voedselbank.
Actievoerders die levensmiddelen brengen, zijn te zien op de webcam en kunnen zichzelf via
een groot scherm op de foto zetten. Omrop Fryslân sluit de actie af met een livetelevisieprogramma op 19 december.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.