PARSEBERJOCHT - Omrop Fryslân

PARSEBERJOCHT
15 septimber 2014
Nije webside Omrop Fryslân Skoal.TV
Omrop Fryslân Skoal.TV hat sûnt koart in nije webside mei in handige sykfunksje.
Op www.skoal.tv binne mei yngong fan de moanne septimber alle edukative
berneprogramma’s fan Omrop Fryslân te finen. Programma’s lykas, Tsjek, Kening Hert
& Harry Hazze, Tomke, SKIK en WitWat binne allegearre te sjen op www.skoal.tv.
Bysûnder oan de nije webside is de wiidweidige sykfunksje. Learkrêften, bern en oare
belangstellenden dy't op syk binne nei in programma of nei oare ynformaasje, kinne by
'sykje’ in trefwurd yntype. De sykfunksje jout dêrnei automatysk in tal opsjes. Sa kinne
programma’s gau weromfûn wurde. De nije webside jout boppedat de mooglikheid te sykjen
op leeftiidskategory. De ferskate berneprogramma’s fan Omrop Fryslân binne rjochte op
pjutten, beukers, bern út de ûnder- en boppebou basisskoalle, en pubers. Mei ien druk op de
knop is te sjen hokker programma geskikt is foar hokker fan dy groepen.
Alles fan en oer Skoal.TV is no beskikber fia www.skoal.tv op de gewoane kompjûter, de
tablet en de telefoan. Oft de programma’s no yn 'e klasse besjoen wurde of jûns thús op de
bank, de nije webside past him automatysk oan it apparaat oan.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Marja van der Leij (koördinator
Skoal.TV): tel. 058 299 7735 / 06 12 07 04 23.
PERSBERICHT
15 september 2014
Nieuwe website Omrop Fryslân Skoal.TV
Omrop Fryslân Skoal.TV heeft sinds kort een nieuwe website met handige zoekfunctie.
Op www.skoal.tv zijn met ingang van de maand september alle educatieve
jeugdprogramma’s van Omrop Fryslân te vinden. Programma’s als, Tsjek, Kening Hert
& Harry Hazze, Tomke, SKIK en WitWat zijn allemaal te bekijken op www.skoal.tv.
Bijzonder aan de nieuwe website is de uitgebreide zoekfunctie. Leerkrachten, kinderen en
andere belangstellenden die op zoek zijn naar een programma of naar andere informatie,
kunnen bij ‘sykje’ een trefwoord intypen. De zoekfunctie geeft daarna automatisch een aantal
opties. Zo kunnen programma’s snel teruggevonden worden. De nieuwe website geeft
bovendien de mogelijkheid te zoeken op leeftijdscategorie. De verschillende
jeugdprogramma’s van Omrop Fryslân zijn gericht op peuters, kleuters, kinderen uit de
onder- en bovenbouw basisschool en pubers. Met één druk op de knop is te zien welk
programma geschikt is voor welke van die groepen.
Alles van en over Skoal.TV is nu beschikbaar via www.skoal.tv op zowel de gewone
computer, de tablet en de telefoon. Of de programma’s nou in de klas bekeken worden of ‘s
avonds thuis op de bank, de nieuwe website past zich automatisch aan het apparaat aan.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met Marja van der Leij (Coördinator Skoal.TV):
tel. 058 299 7735 / 06 12 07 04 23.