141210 Liet Ynternasjonaal op Omroplive.nl_

PARSEBERJOCHT
10 desimber 2014
Liet Ynternasjonaal op Omroplive.nl
Op freed 12 desimber fan 19:30 oant 23:00 oere
Yn maaie koene minsken al genietsje fan Liet 2014 en oankommende freed 12
desimber stjoert Omrop Fryslân Liet Ynternasjonaal út op Omroplive.nl. Liet
Ynternasjonaal is in sjongfestival foar regionale en minderheidstalen út hiel Europa.
Dit jier is it alwer de 10e edysje fan Liet Ynternasjonaal. Tsien regio’s út hiel Europa
binne dit jier fertsjintwurdige yn it Dútske Oldenburg.
It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet Ynternasjonaal is in Frysk inisjatyf. Yn
2002 waard it foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch
Europa en sûnt 2008 wurdt it stipe troch de Ried fan Europa. Liet Ynternasjonaal lûkt alle
jierren in soad parse-oandacht en is útgroeid ta ien fan de grutste festivals foar de promoasje
fan regionale en minderheidstalen.
Bruno Rummler kaam as winner út de finale fan it Fryske Sjongfestival Liet 2014. Hy wûn
mei it nûmer ‘Beppe’ en docht freed 12 desimber mei dit nûmer mei oan Liet Ynternasjonaal
yn it Noard-Dútske Oldenburg. Yn Dútslân fynt elk jier it sjongfestival ‘Platsounds’ plak mei
ferskes yn it Platdútsk. Dit jier hat de twamansformaasje ‘The Paintbox’ it sjongfestival yn
Oldenburg wûn. Sy fertsjintwurdigje it Platdútsk op 12 desimber. Fierder docht ‘Forefingers
Up! – A new Balentia’s joint’ mei út Sardinië (Itaalje), ‘Aila-duo’ yn it Sami (Finlân), ‘Banda
Gaitas El Trasno’ út Asturias (Noarden fan Spanje), ‘Willie Campbell’ yn it Gaelysk (Skotlân),
’Martina Iori’ sjongt yn it Ladin en komt út Val di Fassa (Noarden fan Itaalje), ‘Marina Sadova’
út de Mari El Republic sjongt yn it Mari (diel fan de Russyske Federaasje), ‘Adnoz’ út
Bretanje (Frankryk) en ‘Bandalheira’ yn it Minderico (Portugal).
Liet Ynternasjonaal wurdt freed 12 desimber útstjoerd op Omroplive.nl fan 19:30 oant 23:00
oere.
_______________________________________________________________________
Noat foar de redaksje: Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling
Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.
PERSBERICHT
10 december 2014
Liet Internationaal op Omroplive.nl
Op vrijdag 12 december van 19:30 tot 23:00 uur
In mei konden mensen al genieten van Liet 2014 en aankomende vrijdag 12 december
zendt Omrop Fryslân Liet Internationaal uit op Omroplive.nl. Liet Internationaal is een
songfestival voor regionale en minderheidstalen uit heel Europa. Dit jaar vindt alweer
de 10e editie van Liet Internationaal plaats. Tien regio’s uit heel Europa zijn dit jaar
vertegenwoordigd in het Duitse Oldenburg.
Het songfestival voor regionale en minderheidstalen Liet Internationaal is een Fries initiatief.
In 2002 werd het voor de eerste keer georganiseerd in Leeuwarden. Sinds 2006 reist het
festival door Europa en sinds 2008 wordt het gesteund door de Raad van Europa. Liet
Internationaal trekt elk jaar veel persaandacht en is uitgegroeid tot één van de grootste
festivals voor de promotie van regionale en minderheidstalen.
Bruno Rummler kwam als winnaar uit de finale van het Friese Songfestival Liet 2014. Hij won
met het nummer ‘Beppe’ en doet vrijdag 12 december met dit nummer mee aan Liet
Internationaal in het Noord-Duitse Oldenburg. In Duitsland vindt ieder jaar het songfestival
’Platsounds’ plaats met liedjes in het Platduits. Dit jaar heeft de tweemansformatie ‘The
Paintbox’ het songfestival in Oldenburg gewonnen. Zij vertegenwoordigen het Platduits op 12
december. Verder doen ‘Forefingers Up! – A new Balentia’s joint’ mee uit Sardinië (Italië),
‘Aila-duo’ in het Sami (Finland), ‘Banda Gaitas El Trasno’ uit Asturias (Noorden van Spanje),
‘Willie Campbell’ in het Gaelisch (Schotland), ‘Martina Iori’ zingt in het Ladin en komt uit Val
di Fassa (Noorden van Italië), ‘Marina Sadova’ uit de Mari El Republic zingt in het Mari (deel
van de Russische Federatie), ‘Adnoz’ uit Bretagne (Frankrijk) en ‘Bandalheira’ in het
Minderico (Portugal).
Liet Internationaal wordt vrijdag 12 december uitgezonden op Omroplive.nl van 19:30 tot
23:00 uur.
_______________________________________________________________________
Noot voor de redactie: Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling
Marketing & Communicatie van Omrop Fryslân: 058 299 7876.