“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

DOARPSNIJS
Nûmer 373
april 2014
1
KOLOFON
“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op
elke lêste tongersdei fan de moanne.
It earste krantsje kaam út yn april 1982.
De redaksje:
Wiepkje Holtrop
Hedwig Beukens
Annie de Kleine
Jantsje Akkerman
Tiete Bangma
Coby Hospes
Lyklamawei 49
Hege Bouwen 2a
Lyklamawei 34
Lyklamawei 27
Heaburgen 26
Lyklamawei 23
571310
572278
571364
571889
571980
571855
E-mailadres: [email protected]
Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang:
Yme Wiersma (voorz)
Omrin 1
571557
Piet Rienstra (secr)
Omrin 2
571866
Gerrie van der Veen
Omrin 10
572019
(penningmeester, bankrek. 3052.44.159)
Sjoukje Kramer
Wissebuurt 12
571785
Joop de Vries
Lyklamawei 15
571956
Rienk Nadema
Jaap Douwe Bokma
Hege Bouwen 25
Hoitebuorren 13
E-mailadres buertplysje: [email protected]
of www.politie.nl
2
572101
571328
STOARN
Op 16 april is stoarn frou T. Plug, sy is 86 jier wurden en wenne yn de
Wissebuert.
BERNE
Op 12 april 2014:
Fenna Mestemaker
Famke fan Dirk en Klaske
Mestemaker en suske fan
Jurre.
Nij Amerika 2
8566 HL Nijemardum
FERHUZING
It is safier!
Mei yngong fan 23 april 2014 is myn nije adres:
Schwartzenberchstrjitte 13
8561 DK BALK
Till. 571406
Groetnis Foekje de Jong – de Jong
3
BEDANKT!
Yn wike 13 giene Sietske, Marre, Harmen en Tiety,
Diete, Froukje, Brechtje en Hetty by de doarren lâns
om te kollektearjen foar ZOA. Help foar flechtlingen
troch natoerrampen en oarloch.
Gelokkich wienen der in soad minsken thús en gelokkich hienen de measten ek
noch jild yn ' e hûs. Der is in moai bedrach ophelle yn Nijemardum.
Ik koe € 356,54 nei de bank bringe! En dat is it heechste bedrag fan de 10 jier dat
ik dizze kollekte organisearje.
Elkenien tige tank!
Coby Hospes-Pietersma
BEDANKT
Yn 2004 ha ik de Simavikollekte oernaam fan Fetsje Eppinga.
No, tsien jier letter, hâldt dizze kollekte op.
Dit wie dus de lêste kear dat de kollektanten by jim oan de doar kamen en dat
hat € 327,26 opsmiten.
Alle kollektanten wol ik graach bedanke foar de geweldige ynset en fansels ek
elkenien dy`t de ponge iepen die.
Der wie ien dy’t Simavi wol hiel nei oan it hert leit, want dy joech 48,9 miljoen…
Spitigernôch akseptearre de jildautomaat dy munt net.
Groetnis Wiepkje Holtrop
4
BEDANKT
De jaarlijkse collecte tijdens de Nationale Hartweek van 6 t/m 12 april 2014 heeft
in Nijemirdum € 386,70 opgebracht.
De Nederlandse Hartstichting bedankt haar collectanten en gevers van harte
voor het behalen van dit goede resultaat!
Tj. Baukema Altena
BERICHT VAN STICHTING WENJE
Zoals al in de ledenvergadering genoemd, is de heer Piersma druk doende met
het mediation traject tussen de kerk en ontwikkelaar Pietersma. Op dit moment
weten we niet wat de laatste stand van zaken is.
Wel zijn we weer in overleg gegaan met de gemeente de Friese Meren. Daar
werden wij onaangenaam verrast door het feit dat zij toch een nieuwe
bestemmingsplanprocedure wilden opstarten voor de ontsluiting vanaf het
Wytlansdykje. Ondanks het feit dat de Raad van State dit onderdeel uit het
bestemmingsplan heeft geschrapt.
De belangrijkste reden dat wij hiertegen zijn is het tijdsverlies waar we mee
geconfronteerd worden omdat gedurende deze procedure feitelijke niet gestart
kan worden met de bouw.
Wij hebben dit zeer recent ook nogmaals kenbaar gemaakt aan de gemeente,
maar natuurlijk is de keuze aan hen om alsnog door te gaan met de nieuwe
bestemmingsplanprocedure.
Wij hopen echter dat dit niet gebeurt en dat de mediator snel tot een voor beide
partijen acceptabel resultaat kan komen zodat de toegezegde start van de bouw
van de huurwoningen door Wonen zuid west plaats kan vinden.
We hopen dit mede ook omdat er steeds meer berichten komen over het
aantrekken van de woningmarkt en het fijn zou zijn als Nijemardum hier ook van
kan profiteren.
Namens de werkgroep, Rob Tax
5
HA JIM IT AL HEARD?
Ha jim it ek lêzen?
Yn Gaasterlân Sleat wenje de gelokkichste bern ….
Pff, dat is hjir net altyd te merken hear.
Nijemardum stiet op it achtste plak yn de top 10
fan Nederlân en op it fyfde plak yn de top 10 fan Fryslân.
Dêr kinne we dochs wol wer grutsk op wêze, fine jim net?
Yn Kolderwâlde wenje de aldergelokkichste bern….. dy stean op it earste plak.
Hjir binne de bern noch gelokkich mei de gewoane dingen; dêr hoege se gjin
drank of drugs foar te brûken.
Alhoewol, Iris lies de ferpakking fan de hagelslach foar en neffens har siet der
33% kokaïne yn…. Ik lei slop fan it laitsjen. “Wat is der?” sei se. “Ik tink dat it
kakao wêze moat”. “ Ek goed” sei se.
Ik ha it no oer de gelokkichste bern, mar wy as grutten meie ús ek gelokkich fiele
hear. Want hjir wurdt goed patrûleerd troch de plysjes.
Riny fan Sjoukje rûn op in sneontejûn (nacht) nei hûs mei syn biljertkoffer ûnder
de earm en waard yn ‘e Wissebuurt steande hâlden troch plysjemannen.
“Ja menear, wat ha jo dêr ûnder de earm??”
“Myn gewear dêr`t ik jûn allegear karamboals mei sjitten ha…”
Dat leauden se fansels net, dus hy waard plat op de motorkap lein en soe yn de
boeien slein wurde..
Gelokkich wie Sjoukje der wekker fan wurden en neidat sy alles útlein hie waard
Riny wer frij litten.
Dus minsken: Nijemardum is beslist net in ferkeard
plak om te wenjen, dat lêze jim no wol.
Spitich dat dy units achter tsjerke der net komme,
dat hie hielendal moai west.
We ha wol prachtige fytspaden krigen yn it bosk.
Der komme fuort net wer woartels troch it beton.
De tol op it Atsepaadsje is wol omheech gien.
Atse freget no net ien, net twa, mar wol fiif euro…
Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear.
Groetnis WTHP
6
BESTE DORPSBEWONERS
Hoe kunnen we met z’n allen onze voorzieningen op
peil houden en hoe kunnen we subsidies die verdwijnen
vervangen?
Zoals we ook de afgelopen weken in de pers hebben kunnen lezen zijn er in de
provincie meerdere initiatieven voor het exploiteren van een dorpsmolen.
Een windmolen van het dorp waarvan de opbrengst ten goede komt aan het
dorp.
Als dorpsbelangen hebben wij enkele bijeenkomsten bijgewoond van de
Heidemij.
De Heidemij is een organisatie van 170 professionals die zich richt op bewoners
die zelf hun idee willen realiseren ter verbetering van hun fysieke leefomgeving.
Een van deze plannen is het tot stand brengen van een dorpsmolen.
Als organisatie zijn zij er van overtuigd hiervoor bij de gemeente een vergunning
te kunnen realiseren.
Ook investeerders hebben de mogelijkheden ontdekt. Dat doen ze niet uit
liefdadigheid, maar om een goed rendement te halen. Nadeel is echter dat dat
rendement in de portemonnee van de investeerder verdwijnt en de omgeving
opgezadeld wordt met een turbine in het zicht.
Met andere woorden de Lusten voor de investeerder, de Lasten voor de
omgeving.
Er is NU een kans om de Lusten en de Lasten bij elkaar te brengen door een
plan te maken voor een eigen Dorpsmolen.
Voor een molen met meer rendement en minder risico’s zijn Oudemirdum en
Nijemirdum te klein en daarom zijn er gesprekken geweest tussen
vertegenwoordigers uit Oudemirdum en Nijemirdum. Zo denken wij aan een
turbine ERGENS in het gebied tussen Nijemirdum en Oudemirdum.
Een
moderne, efficiënte turbine met een vermogen, afgestemd op het verbruik van
beide dorpen.
De eerste stap is nu om te onderzoeken of daar DRAAGVLAK voor is.
Zonder dat heeft het geen zin er meer energie in te steken. Daarom organiseren
wij twee informatie-avonden.
7
Deze zullen plaats vinden op:
Dinsdag 30 april 20.00 uur Dorpshuis Nijemirdum
Dinsdag 6 mei 20.00 uur Dorpshuis Oudemirdum
U mag zelf bepalen waar u de avond bijwoont, maar of u nu vóór of tegen bent
KOMT ALLEN
Namens Dorpsbelang; Oudemirdum en Nijemirdum,
Mardumer Energie Initiatief
Oudemirdum : Gatse Bokma, Anton van der Meer, Rommert van der Veen,
Jappie Stegenga en Frido Hylkema
Nijemirdum
: Jaap Douwe Bokma, Rienk Nadema en Joop de Vries
DAMCLUB NIJEMIRDUM
Op 7 april hadden we alweer de slotavond van de damclub, de vrouwen waren
er deze avond ook bij, er waren liefst 29 mensen aanwezig. Deze avond stond in
het teken van het kampioenschap,daar heeft Wiepkje al heel wat over verteld in
het vorige Doarpsnijs. De notulen werden voorgelezen door Egge en het
financiële verslag door Henk Bokma.Henk geeft nu het stokje door aan Pier
Akkerman. Henk is 12 jaar penningmeester geweest.
In de pauze even bingo, dat valt er ook altijd in en na de pauze de prijsuitreiking
door Gelf Otter.
In de 1e klas ging de 1e prijs naar G. Baukema, de 2e prijs naar I. v.d Veer en de
3e prijs naar A. Batteram.
In de 2e klas ging de 1e prijs naar B. Pietersma, de 2e prijs naar H. Bokma en de
3e prijs naar R. Dijkstra.
In de wedstrijden tegen andere clubs haalde Egge de meeste punten. Na de prijs
uitreiking nog een grote verloting en een hapje en een drankje.
Johannes v/d Goot kwam ook nog met een verrassing,
Klaas Muizelaar was namelijk 60 jaar lid.
In zijn beginjaar is de club is ook opgericht en dat is een hele prestatie. Klaas
was, met Rinke Baukema en Fekke Pietersma, ook een van de oprichters van de
damclub. Als je 89 jaar bent en nog zo goed kan dammen dan mag je niet
8
mopperen. De jonge jongens geeft hij nog geregeld aanwijzingen. Klaas kreeg
een heel mooi tinnen bord aangeboden door Johannes.
De voorzitter wenste vervolgens iedereen wel thuis. Op 8 september begint het
nieuwe seizoen weer. Mochten er mensen zijn die het dammen ook een keer
willen proberen, ze zijn van harte welkom.
De secretaris, Egge
BÊSTE MINSKEN ÚT NIJEMARDUM,
Doe’t wy yn septimber 2012 in boerd yn de tún setten mei TE KEAP krigen wy al
gau allegearre reaksjes. Wat wie der oan de hân? Dochs gjin houliksproblemen
of sa? Nee hear, gelokkich net, mar sûnt we wisten dat Albada syn hús te keap
hie, soene we dêr graach hinne wolle, om’t wy it in prachtich plakje fine mei
útsicht op Nijemardum. Net dat wy it yn de Omrin net nei’t sin hiene. Seker net!
Geweldige buorlju, dy’t altyd klear steane as je je kaai wer ris ferjitten binne,
gjin spaghettimix mear yn de hús ha, wylst it gehak al yn de panne sit, kranten en
lêsboeken mei ús diele en altyd klear steane om te helpen as dat nedich is.
Nei krekt 20 jier sille wy op 10 maaie ferhúzje nei Hege Bouwen 23.
In protte minsken dy’t ús de lêste tiid dêr oan de gong sjogge,
freegje harren ôf oft der noch wol wat stean bliuwt.
Ja hear, mar mei ús 3 jongens miene wy it wat oars
yndiele te moatten. It wenplak is noch net klear as
wy der hinne geane, mar wy hoopje in moaie simmer
foar de boech te hawwen, dus kinne we dan lang
kampearje.
Wy fûnen it prachtich dat wy troch de nije buorlju op de
Bouwen ek sa wolkom hjitten binne. Wy krigen al in
selsbakte cake, kaartsjes en wat bakkersguod foar by
de kofje. Hearlik! En no mar hoopje dat se oer in jier noch sa entûsjast binne….
Fanôf 10 maaie kinne jimme ús fine op de Hege Bouwen 23 en wy ferwachtsje
dat Sietze Faber en Geeske Nagelhout mei krekt safolle nocht as ús yn de Omrin
wenje sille.
Groetnis fan Sander, Eelco, Jelmer,Roelof & Gerrie
9
WA BIN IK?
Diskear sels telefoan út it hege noarden,
en wol fan Ypie Gijzen út Bartlehiem.
Sy seach direkt dat it har âld buorjonge
Meine Pietersma wie. Ferkearde antwurden
wiene: Rinke en Menno Feike Baukema,
Ties Laffra, Yme Wiersma en Hindrik Hospes.
De foto is ynstjoerd troch Meine syn suske Coby Bokma-Pietersma.
Sy wist my te fertellen dat Meine op dizze foto sa’n fjouwer jier âld is. Der is doe
ek in foto makke fan broer Bart. Dy wie twa jier en Coby wie noch net berne.
De foto is makke troch in rûnreizgjende fotograaf.
Elkenien hie yn dy tiid noch net in fototastel en op dizze manier wie it mooglik
om dochs in “staasjeportret” te meitsjen. Faak foar de tichte oergerdinen op in
tafeltsje; it wie oars fansels net de bedoeling dat men dêrop sitte mocht.
Meine wennet noch altyd yn it âlderlik hûs op de Hege Bouwen, dêr’t syn heit en
pake earder buorken.
Diskear 5 nammen yn de hoed. Hedwig fiske de namme fan Ypie Gijzen derút.
Lokwinske!
Dan no in twatal!
Witte jim wa’t dit binne ?
Beide moatte riden wurde!
Belje gau 571889,
Dat kin oant en mei sneon.
Jantsje
10
HOE IS IT NO MEI?
Wiepkje hat Arjen al in pear kear neamd yn
har rubryk “Ha jim it al heard?”, dat sadwaande
hoech ik net sa lang nei te tinken as ik wer op ‘en
paad mei om in jongeman foar ús Doarpsnijs te
ynterviewen. Ik gean diskear nei it Wytlânsdykje.
Op nûmer 8 wennet de famylje Visser:
Wâtte en Ina mei harren bern Annelies, Gert,
Evert, Arjen en Hans.
Op it hiem steane auto’s, in caravan en ik sjoch
latten lizzen en âlde keukenkastkes stean.
Wâtte is drok dwaande mei in tomstok en begroetet my. “Wat bart hjir
allegear?” freegje ik . “Ja, wy krije in nije keuken. Ik ha der krekt in betonflier yn
lein. Dy moat droegje. Der komt flierferwarming yn en dan de boel wer
opbouwe”.
De moed sakket my wat yn ‘e skuon. De keuken hielendal op ‘e kop… is der yn dit
hûs op ’t heden wol plak foar in frou dy’t in praatsje meitsje wol mei ien fan syn
soannen? “Is jim Arjen ek thús? Ik woe him graach ynterviewe foar it
Doarpsnijs”. Hy is noch net thús, mar ik krij in tillefoannûmer en mei him belje
foar in ôfspraak. In wike letter kom ik yn ‘e kunde mei Arjen. Wy geane yn ‘e
caravan.
Lêsto it doarpskrantsje wolris?
Ja, meastal wol. ( No ‘t hy der sels in pear kear yn stien hat, kin hy der fansels net
omhinne!)
Praatsto altyd Frysk?
Us heit komt út Aldemardum en ús mem út Nieuw Leusen, sadwaande binne wy
fan hûs út wend om Frysk en Hollânsk te praten.
Watfoar oplieding dochsto?
Ik bin ferline jier yn Kampen foar it VMBO slagge en no gean ik nei it AOC “de
Groene Welle” yn Swol. Ik folgje dêr (ien dei yn ‘e wike) in oplieding foar
blommist.
Hoe komst dêr sa by? Sit de belangstelling foar it blommefak yn ‘e famylje?
Ik ha it net fan ús mem, en ús heit en myn bruorren binne techneuten. (Dat wie
my wol dúdlik doe’t ik hearde dat dy nije keuken troch de firma Visser sels
pleatst wurde sil.)
11
Hoelang duorret dy oplieding?
Trije jier.
Watfoar wurk dochsto?
Ik wurkje by “Blom en Blêd” yn Koudum.
Ha se dêr ek guod foar de tún?
Nee, wy ha blommen en planten en potten en noch folle mear foar it ynterieur.
Wy meitsje blomstikken foar alderlei gelegenheden. Trouwerijen, jierdagen,
jubilea, kryst- of peaskedagen, by de iepening fan saken en wy fersoargje ek
roustikken.
Hoe reizgest nei skoalle/wurk?
Mei de bus en trein nei Swol en op ‘e fyts nei Koudum.
Wolsto it autoriden ek leare ?
De teory ha ik al helle en ik ha no tolf praktyklessen hân.
Wat fynst leuk om te lêzen?
Ik ha net folle tiid , mar de krante lês ik meastal
wol efkes.
Hast ek in hobby?
Ik meitsje graach foto’s. Dat wie ús al opfallen.
Foar de foto-eksposysje “Knipoog naar Gaasterland”
dy’t ferline jier organisearre waard troch de
Keunstkring Gaasterlân waarden út wol hûndert
ynstjoeringen, twa foto’s fan Arjen keazen.
Dat wie hiel bysûnder omdat hy noch mar
16 jier wie.
Ien fan syn foto’s hat de hiele simmer neist ús
âlde toer stien.
Hasto in kursus folge of hast by in fakfotograaf yn ‘e lear west?
Nee, ik ha it mysels oanleard. Hast alle minsken meitsje op ’t heden bulten foto’s
mei harren mobyltsje.
Mar dy winne net prizen..
Nee, dat net. Ik ha ek wol moaie apparatuer. Dêr stie in foto fan yn it Doarpsnijs
fan Jannewaris.
Wolsto net fotograaf wurde?
Nee, dêr kin net genôch oan fertsjinne wurde om fan te bestean. Mar yn juny
trout myn baas en dy hat my frege om in reportaazje fan de trouwerij en it feest
te meitsjen. De plaatsjes foar de troukaart haw ik al makke.
Fynst it moai om yn Nijemardum te wenjen?
12
Ik bin hjir berne en wy wenje hjir prima.
Giest wolris te stappen?
Ik gean wol mei myn maten der opút en wy ha sels in boatsje, dat simmerdeis
geane wy wol te farren.
Hoe fynst it dat der wolris wat fernield wurdt?
Dat stiet fier fan my ôf.
Dochst ek oan sport?
Ik bin net lid fan in sportklup, mar ik stap gauris op myn mountainbike.
Makkest sels wolris iten klear?
Ik kôkje sels net, mar as ús mem fuort is, set dy de boel klear en dan set ik it wol
op.
Giest wolris mei fakânsje en mei wa?
De lêste jierren geane wy mei ús heit en mem alle simmers mei de caravan nei
Dútslân.
De fragen dy’t ik oan Arjen steld ha binne koart en kalm beantwurde. Ik ha in
bytsje sicht op syn bestean krigen, mar wat soe ik graach wat fan syn foto’s sjen
wolle…
Arjen, bedankt foar dyn tiid foar it Doarpsnijs, mar wat spitich dat ik no neat
fan dyn grutte hobby sjen kin.
Mar, dat kin noch wol hear.
Ik helje myn laptop efkes út ‘e hûs…………
en sa sit ik in skoftke letter yn de caravan
de prachtichste foto’s te besjen dy’t makke
binne troch in besiele jongeman.
De natoer hat syn foarkar.
Beammen, blommen en bisten, wetter en wolken, de see en it strân.
Sinne en rein, snie en iis. Machtige sichten fan fier en teare fan tichtby. Bygelyks
de oandwaanlike foto’s fan jonge hûnen en de komposysjes fan twa trouringen
(fan syn baas).
Ik bin fansels in leek, mar minsken, minsken wat is dit moai. Underweis nei hûs
sit ik in gelegenheid te betinken foar in
moaie foto (fan ús buorfrou dy’t ferhuzet?) of in blomstik (het spijt me?), makke
troch Arjen. Hy is in autodidakt op it mêd fan syn hobby en ien dy’t wis is fan syn
kar foar it blommistefak. Ik neam him in keunster en hoopje fan herte dat it him
slagje sil om syn bysûndere talinten te ûntwikkeljen.
Annie de Kleine
13
SINNICH MEI SINNE
We beleven een relatief zonnig voorjaar.
En dat is mooi voor ons allemaal en extra goed
nieuws voor alle bezitters van zonnepanelen.
De kristallijne cellen draaien overuren en menig duurzaam opgewekt kilowattje
verdwijnt in het Nijemardumer elektriciteitsnet. Het blijft een mooie gedachte
om je te realiseren dat je de was aan het strijken bent, aan het stofzuigen bent
of aan het boren bent op zonnestroom.
Als Commissie Sinnich mei Sinne kijken we terug op een geslaagde
informatieavond in ons dorpshuis op 19 februari jl. Allerlei informatie over
vloer-, wand-, raamisolatie en meer kwam voorbij, en menigeen heeft zich
adequaat laten voorlichten over de mogelijkheden. Uit onze inschrijfformulieren
kwam naar voren dat er in eerste instantie veel animo is om de vloer te isoleren.
En daar zijn we momenteel ook mee bezig.
Meer dan 10 adressen in ons dorp hebben kenbaar gemaakt mee te willen doen
met deze actie. Onze actie "dreigt" zich zelfs uit te breiden naar ons buurdorp
Oudemirdum. Daar zijn we natuurlijk alleen maar heel blij mee.
Hoe meer duurzaamheid, hoe meer vreugd.
We gaan met deze gestapelde vraag richting de aanbieder(s) van vloerisolatie
om te vragen wat er mogelijk is qua prijs en andere voorwaarden.
Dat resulteert dan weer in een concreet aanbod aan onze deelnemers.
Wordt vervolgd .....
Commissie SmS
Rienk, Roelof en Ronald
14
BEGRAFENISVERENIGING ‘DE LAATSTE EER’ NIJEMIRDUM
Op 11 februari j.l. hebben we onze ledenvergadering gehouden. Buiten het
bestuur waren er 9 leden aanwezig en 3 personen hadden zich afgemeld.
Een woord van dank aan onze bode P. Deinum en reserve bode Tiete Groenhof
en natuurlijk voor onze dragers P. v.d. wal, M. Pietersma, R. Altenburg en P.J.
Ferdinands, die met elkaar de begrafenissen op gepaste wijze verzorgen.
Ook een woord van dank was voor J. Groenhof voor het luiden van de klok bij
overlijden en tijdens de begrafenis.
Wij, van de ‘Laatste Eer’, zijn lid van deFederatie van Uitvaartverenigingen in
Friesland. Door onenigheid in het bestuur is het gehele Federatiebestuur
afgetreden. In de ledenvergadering van 3 mrt. 2014
werden 7 kandidaat bestuursleden aan ons voorgesteld en deze werden
vervolgens met algehele stemmen gekozen. Een lid van onze vereniging, R.
Baukema, neemt ook zitting in het Federatiebestuur.
Met begrafenisver. ‘Memento Mori’ uit
Oudemirdum is afgesproken dat we in hetgeval van
nood gebruik kunnen maken van elkaars dragers.
De kleding hebben we enigszins aangepast.
Er is nieuwe regelgeving van gemeente
De Friese Meren wat betreft begraven op
gemeentelijke begraafplaatsen. In het kort
komt het hier op neer, als er een begrafenis
plaatsvindt in Nijemirdum, komt een medewerker
van de gemeente met een zinktoestel, een rijdende
baar en een geluidsinstallatie.
Deze medewerker loopt op het kerkhof naast de
bode en bedient het zinktoestel.
Wij als vereniging vinden dit inbreuk op onze privacy. Door middel van een
gezamenlijke brief van de cluster Gaasterlân-Sleat gaan we dit kenbaar maken
aan de gemeente.
Het afgelopen jaar zijn er 5 begrafenissen geweest. Het voorlezen van de namen
van de overledenen werd door de aanwezigen staande aangehoord en er werd
een moment van stilte gehouden.
Uit het jaarverslag van de penningmeester P. Rienstra blijkt dat we financieel een
goede vereniging zijn. We hebben op dit moment 371 leden.
15
Nieuwe leden werven heeft natuurlijk onze aandacht. Ook worden inwoners die
18 jaar zijn geworden door ons bezocht.
De contributie is vastgesteld op € 12,50 en de ledenkorting op € 625,00, dit blijft
gehandhaafd.
Bij het punt bestuursverkiezing was ondergetekende aftredend en herkiesbaar
en werd vervolgens weer gekozen voor een periode tot de leeftijdsgrens, 70 jaar.
Namens het bestuur,
R. Veen
BERJUCHT UT BALK
It is al hast twa moanne lyn dat ik fan ôf de Hege Bouwen ferfearn bin nei Balk.
As ik Nijemardumers tsjin kom klinkt gauris de fraach: went it al wat, fiele jo jo
dêr al wat thús, meie jo dêr wat wêze, fiele jo jo al wat Balkster?
No, op dy fragen kin ik allinne mar mei in hiel dúdlik JA antwurdzje.
Miskien wie ik by de fragesteller mear op ‘e lije side kommen as ik sei: och, it
moat wol wenne hear, ik mis it pleatske o sa, in Balkster sil ik noait wurde, jou
my Nijemardum mar. Dêrom tocht ik, ik ha sa faak in stikje yn it doarpskrantsje
skreaun, lit it my noch ien kear dwaan; guon hiene faaks wol ferwachte dat ik
wat fan my hearre litte soe by myn fertrek en ik moat ek net de yndruk neilitte,
as bin ik slûchsturtsjend út Nijemardum ferdwûn.
It fernuvert my sels ek wol, dat ik my hjir sa gau thús fielde.
No bin ik yn myn lange libben
al ferskillende kearen ferhuze
en fielde ik my oeral gau thús
en koe my maklik oanpasje.
Boppedat, Balk wie my net frjemd.
Efkes bûten Balk, oan ‘e Luts, bin
ik opgroeid, haw yn Balk nei skoalle
gien en bin letter mei heit en mem
yn Balk kommen te wenjen.
Ik kom dêr in hiel soad minsken tsjin dy’t ik yn ‘e rin fan ‘e jierren kennen leard
ha, of dy’t ik noch fan eartiids ken. En ús dochter wennet hjir ek, mar 350 m fan
my ôf. Dan no noch efkes oer Nijemardum. Dêr kom ik fansels noch geregeld en
Minke hâld my wol mei alles op ‘e hichte.
16
Ik/wy hawwe dêr moaie jierren hân en wy fielden ús dêr echt thús. Wy koene in
protte minsken en draaiden fol op mei yn it mienskipslibben. Fan ôf dit plak tank
foar alle meilibjen en tagedienens yn tiden fan freugde en fertriet!
De jongerein sil net better witte, as yn dat pleatske wenne in âld mantsje en dat
sil dêr wol buorke hawwe. De âlderein wit wol better, mar hoe siet it no ek al
krekt? Wol, it spultsje is boud yn 1920; der koene 8 kij op stâl stean. De lêste
boer dy’t dêr wenne wie in Wiebe Feenstra, in broer fan Willem Feenstra, hy wie
dus de omke fan Douwe en fan Wypkje Feenstra. Hy wie “single” sa’t men
tsjintwurdich seit, eartiids sei men: frijfeint. Hy gie yn ‘e sanearing, sa’t dat doe
hiet en it lân waard der by wei ferkocht. Letter is er nei Aldemardum gien te
wenjen. In slûchslimme keapman út de Wâlden, in sekere Jan de Bruin (alias
brune Jan) hat it spultsje en ek moai “âld guod”, sa’t men ha wol:foar sliterspriis,
fan him kocht. Dy De Bruin liet it ferbouwe ta rekreaasjewent, likernôch ein
sechtiger jierren. Dêrnei kaam it yn hannen fan in Van Beieren Bergen en
Henegouwen en dêr ha wy it wer fan kocht yn 1976. Sa ha wy 13 jier der in soad
plezier fan hân as twadde went. Doe’t wy op 31 oktober 1989 as permanent op
De Bouwen kamen te wenjen, wie Nijemardum ús dus net frjemd. Wy hawwe it
pleatske yn ‘90 ferbouwe litten en ha mei in soad nocht – goed 15 jier tegearre
en ik lyts 8 jier allinne – dêr geniete fan it hûs, it hiem en it prachtige útsicht. Dy
perioade haw ik no bewust ôfsletten. Ik haw in moai stekje yn Balk fûn; ik bin in
tefreden minske. Jitris wol ik sizze: betanke! En adieu!
Jan Albada
ZATERDAG 26 APRIL : KONINGSDAG
Wij hopen op mooi weer zodat iedereen die het leuk vindt gezellig op de fiets
kan stappen voor onze fietstocht! Voor de mensen die met de auto willen
hebben we weer een autotocht uitgezet.
We starten de fiets-/autotocht tussen half 2 en 2 uur bij het dorpshuis.
‘s Avonds starten we de playbackshow om half 8.
We hopen weer op een gezellige dag met z’n allen!!
groetjes feestcommissie, Tryntsje de Jong
17
IT HIMD FAN IT GAT
Op in jûn fyts ik nei de Lyklamawei om
Henny Eppinga-Hogenberg te ynterviewen
foar it doarpskrantsje. Sy is 29 jier lyn
berne yn Dokkum, troud mei Wilbert Eppinga
en mem fan Jesse en Mare.
De tredde sprút wurd yn septimber ferwachte.
Se ha in buorkerij mei allegear kij en in kat dy’t
op ‘e pleats rûnskarrelet. Koartlyn ha se in nije
stâl boud mei twa molkrobots deryn.
Watfoar oplieding hast dien?
Ik ha de SPW4 (Sosjaal Pedagogysk Wurk) en fersoargjende IG dien. Ek ha ik
noch trijekwart jier nei de PABO west, mar dat wie teoretysk te swier foar my.
Dus dat ha ik net ôfmakke.
Watfoar wurk dochst?
Op it stuit wurkje ik thús op de buorkerij. Yn it ferline ha ik mei jongeren mei in
ferstanlike beheining en mei demintearjenden wurke. Mar no soargje ik foar de
keallen, rin mei de feedokter mei, doch de administraasje en help Wilbert wêr’t
it nedich is. Ik fyn it hearlik en mis myn foarige wurk hielendal net.
Wat woest as bern graach wurde?
Froeger woe ik al graach mei ferstanlik beheinde minsken wurkje. Der kaam faak
in jonkje mei sa’n beheining by ús thús en ik ha altyd al it gefoel hân dat ik mei
dizze minsken wurkje woe.
Wat fynst it moaist om te dwaan?
No, ik ha krekt in nije hobby. Ik ha in naaimasine kocht en bin begûn te naaien.
In freondinne leart it my en ik fyn it superleuk. Ik bin no dwaande mei myn
earste projekt: in bokskleed foar de lytse poppe.
Wêr meie se dy midden yn ‘e nacht foar wekker meitsje?
Ik fyn it hearlik om te sliepen ‘s nachts, dus nergens foar.
Wat fynst in grutte ergernis?
Wêr’t ik my oan ergerje is dat alles sa hurd, hurd, hurd moat. Dat eltsenien sa
stressfol en hastich troch it libben giet. We moatte allegear wurkje en ha amper
tiid foar sosjale kontakten. Wy dogge der allegear oan mei, mar dat fyn ik wol
spitich.
Wat fynst in prachtich boek?
18
Ik lês net mear safolle. Ha it einliks net mear oan tiid. As ik jûns op bed lêze sil
falle my de eagen al ticht. Froeger fûn ik de boeken fan Carry Slee hiel moai.
Hokker tv-programma of film fynst hiel moai?
Wat ik altyd hearlik ûntspannen fyn is “Goede Tijden Slechte Tijden. It
programma “Kleine kinderen grote zorgen” oer te betiid berne poppen, en “Een
nieuw Begin” fyn ik ek leuk om te sjen.
Nei watfoar muzyk lústerst graach?
Einliks fyn ik alle top 40 muzyk wol moai. Ik ha net in spesifike foarkar foar in
bepaalde band of sa.
Wat wie dyn grutste miskeap?
Dat kin ik sa net betinke. Ik sil fêst wol ris klean kocht ha dy’t ik noait oan hân ha,
mar ik soe it net witte.
Wat is dyn favorite fakânsjeplak?
Wêr’t wy al in oantal jierren west ha, dat is Appelskea. Us heit en mem steane
dêr al jierren op camping “de Roggenberg” en ik fyn it der ek prachtich.
Wat is it fierste plak dêrst west hast?
Ik ha in jier as au-pair yn Ingelân wenne. Doe’t ik 20 jier wie bin ik dêr yn in gesin
kommen mei in jonkje fan 3 jier âld. Dêr moast ik fan moandeis oant en mei
freeds fan moarns healwei sânen oant jûns healwei sânen op passe.
Wat fynst in hiel moai Frysk wurd?
Earrebarre! En no hielendal fansels!
Soe it Frysk oer 100 jier noch bestean?
Ik tink net dat it fuort giet.
We binne allegearre sa grutsk op it Frysk.
Mar ik fyn it wol moai dat se op skoalle no
mear Nederlânske les jouwe as froeger sadat
de minsken harren yn it Nederlânsk ek
goed rêde kinne.
Wêr soest net sûnder kinne of wolle?
Sûnder myn gesin! Fan te foaren koe ik net betinke dat it sa fiele soe, mar ik soe
net wer werom wolle! Ik bin der hartstikke wiis mei.
Wat soest net graach misse wolle yn dyn wenkeamer?
Kearskes! Ik hâld fan gesellichheid en foaral “geurkearskes” fyn ik lekker.
Mist de winkels ek yn Nijemardum?
Soms soe it wolris maklik wêze, mar je witte net better. Doe’t ik noch yn Dokkum
wenne moast ik ek nei de stêd om boadskippen te dwaan, dus ik bin it wol wend.
19
Wêr bist bang foar?
Bang kin ik net sizze, mar ik tink dat de maatskippij hieltyd mear op computers
rjochte is en minder sosjaal wurdt. Alles giet fia facebook, whatsapp en sa.
Dêrtroch is der ûnder de minsken spitigernôch wol minder kontakt.
Wat kin neffens dy absolút net?
In oar kwea oandwaan.
Wêr tinkst mei plezier oan werom?
De hiele bouwerij hjir.
It hat in hektyske tiid west, mar it
is super gien en we ha it troffen
mei it waar.
Ik bin hiel bliid mei it einresultaat!
Wêr soest noch graach ris hinne wolle?
Ik soe noch wolris nei it bûtenlân wolle. Nei in lekker waarm lân, tegearre mei
Wilbert of mei de bern. Mar allinnich mei Wilbert liket my ek wol leuk, wat tiid
foar elkoar frijmeitsje.
Watfoar iten makkest graach klear?
Ik fyn der neat oan om jirpels mei griente klear te meitsjen. Ik hâld mear fan
pasta’s; bamy of nassy mei ik ek graach. Fansels meitsje ik ek wol jirpels mei
griente!
Wat fynst de moaiste tiid fan it jier en wêrom?
It foarjier ! Alles rint yn ‘e bloei. Dan komt de drokke tiid op de buorkerij ek wer,
mar ik fyn it hearlik om nei bûten te kinnen. Je wurde wer wat fleuriger.
Wolst oars ek noch wat kwyt?
Dat ik it hjir yn Nijemardum tige nei it sin ha en my hiel goed thúsfiel. Ik fyn it ek
hearlik dat myn suster hjir wennet. De sfear is hjir gewoan hiel goed.
It hie nochal wat fuotten yn ‘e ierde om Henny te ynterviewen (se hie twa kear
ús ôfspraak fergetten), mar doe’t ik foar de tredde kear oan de doar kaam, stie
der in hearlike tompoes en in lekker bakje tee foar my klear en ha we gesellich
praten!
Henny tanke!
Hedwig
20
VERHUUR SPRINGKUSSEN
De feestcommissie heeft een nieuw springkussen aangeschaft voor de
allerkleinsten(tot 4 jaar)
Wil je dit een keer huren? Dat kan voor 15 euro.
Voor meer informatie Wiepie Hoekstra: 571746
Namens de feestcommissie, Tryntsje de Jong
SIZWIZE FAN DE MOANNE
Elk hâldt syn protter foar in lyster
21
DE STIPERS
Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht
wurde:
Paul Baas
Harmen en Lieske Bangma
Albert en Jeannet Bekedam
Bauke Beukens
Willem Beukens
Doede Bosma
Harm van Bommel
Jan Buma
Johan A. Dijkstra
Jelle Eppinga
Henk en Lian de Graaf
Arjan Hendriks
Halbe Hielkema
Tryntsje de Jong-Rienstra
Ede Groenhof
Cees en Johannes v.d. Meer
Martin Mensonides
Hendrik Postma
Marijke Postma
Douwe en Froukje Prins
Fam. K. Rienstra
Runia Fourage BV
Runia Transport BV
Jan-Dirk van der Tol
VandeLinde Associates
Earnst P. Veenstra
Annoesjka de Vries
De Vries
De Klussenbaas
Camping De Groninger
Melkveehouderij/luxe appartementen
Garant Zaden
Onderhoud & timmerbedrijf
Klussenbedrijf
Straetus Incasso
Buma Handel
Dierenarts
Boomkwekerij
Koeienmuseum/jongvee opfokbedrijf
SDS Balk Startmotoren en dynamo’s
Bouw- en onderhoudsbedrijf
Kapsalon Tryntsje
Transportbedrijf/verhuizingen
Van der Meer Mechanisatie
Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele
werktuigen
Motorenrevisie/reparatie
It Kniphúske
Bakkerij Prins, Harich
Beheerders dorpshuis
(Klein)diervoeders, aardappelen enz.
Transportbedrijf
Feedcentre B.V.
Journalistieke Producties
Hovenier
Pedicure
Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by
de minsken thús komt.
22
AGINDA
26 april
: Keningsdei mei fytstocht en playbackshow
30 april
: Ynformaasjejûn wynmoune
7 juny
: Rommelmerk
14 juny
: Toanielstik
21 juny
: Doarpsbarbeque
Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier
ophelle.
IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 29 meie 2014
KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 21 meie 2014
by ien fan de redaksjeleden
in e-mail stjoere kin ek: [email protected]
23