hjir - Gerben Rypma Stifting

PARSEBERJOCHT - Russysk-Fryske jûn mei Aliona van der Horst
Warkum/Ljouwert – Freed 6 febrewaris hâldt de Gerben Rypma Stifting yn oparbeidzjen mei
it kulturele en literêre opinytydskrift de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum
De Klameare yn Warkum.
Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in
Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse
Filmacademie en wurket foar de VPRO en de NPS.
Van der Horst makke ûnder mear de tal fan kearen bekroande dokumintêre De dame met het
witte hoedje, it skrinende ferhaal oer Hanna Michailenko út Odessa, dy’t tusken 1980 en 1988
troch de KGB opsletten waard yn in psychiatryske ynrjochting fanwegen har dissidinte
politike ideeën. Yn 2008 krige se foar har hiele oeuvre de prestizjeuze Jan Kassies
Stimuleringsprijs.
Yn datselde jier makke se ek de dokumintêre Boris Ryzji oer de jong ferstoarne Russyske
dichter Boris Ryzji (1974-2001) – hy die himsels tekoart – waans generaasje grut waard yn de
dagen fan en nei de perestrojka en de glasnost.
De film, dy’t ek op de Russysk-Fryske jûn fertoand wurdt, krige de Zilveren Anjer op het
IDFA 2008, de Best Documentary Award op it Edinburgh International Filmfestival en waard
fierders bekroand mei de Prijs van de Nederlandse Filmkritiek.
Aliona van der Horst wurdt ynterviewd troch Ernst Bruinsma, útjouwer en haadredakteur fan
de Moanne. Earder hie hy foar de Gerben Rypma Stifting it gastpetear mei de Flaamske
skriuwer en kultuerhistoarikus David van Reybrouck.
Ien fan de sintrale en aktuele fragen fan de Russysk-Fryske jûn is: Wat is der bard ûnder en
nei de perestrojka en de glasnost? En wa is dochs dy god fan Ruslân, sa't Boris Ryzji yn ien
fan syn fersen freget. Wat is it plak fan de keunst yn it hjoeddeiske Ruslân?
Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga hâldt in lytse ynlieding op de poëzy, it wurk en de persoan
Boris Ryzji en bringt fan him in tal ferfryske gedichten foar it fuotljocht.
Nei ôfrin kin it publyk 'rom sitte' en is der gelegenheid om mei Van der Horst yn petear.
Russysk-Fryske jûn
Freed 6 febrewaris, 20.00 oere
Kultureel Sintrum De Klameare, Warkum
Entree: 7,50 Euro
Kaarten binne te bestellen fia [email protected] of tillefoanysk fia 0515 – 579476
06 – 38 90 97 04 / 0515 – 542352
Foar de redaksje
- Jo binne fan herte wolkom by dizze bysûnder aktiviteit
- Wurdfierder, Hille Faber of Sicco Rypma, sjoch hjirboppe neamde tel.nr.’s
PERSBERICHT - Russisch-Friese avond met Aliona van der Horst
Workum/Leeuwarden – Vrijdag 6 februari organiseert de Gerben Rypma stichting in
samenwerking met het cultureel en literair opinietijdschrift de Moanne een Russisch-Friese
avond in cultureel centrum De Klameare in Workum.
Te gast is film- en documentairemaker Aliona van der Horst, dochter van een Russische
moeder en een Nederlandse vader. Ze studeerde Russische taal en letterkunde, deed daarna de
Nederlandse Filmacademie en werkte voor de VPRO en NPS.
Van der Horst maakte onder andere de veel bekroonde documentaire De dame met het witte
hoedje, het schrijnende verhaal over Hanna Michailenko uit Odessa die tussen 1980 en 1988
door de KGB gevangen werd gehouden in een psychiatrische inrichting vanwege haar
dissidente politieke ideeën. In 2008 ontving Van der Horst voor haar hele oeuvre de
prestigieuze Jan Kassies Stimuleringsprijs.
In datzelfde jaar maakte ze de documentaire Boris Ryzji over de jong overleden Russische
dichter Boris Ryzji (1974-2001). Deze dichter – hij pleegde zelfmoord – maakte deel uit van
een generatie die groot werd in de dagen van en na de perestrojka en glasnost.
De film, die ook op de Russisch-Friese avond zal worden vertoond, kreeg de Zilveren Anjer
op het IDFA 2008, de Best Documentary Award op het Edinburgh International Film Festival
en de Prijs van de Nederlandse Filmkritiek.
Aliona van der Horst wordt geïnterviewd door Ernst Bruinsma, hoofdredacteur van de
Moanne. Eerder hield hij voor de Gerben Rypma stichting een gesprek met de Vlaamse
schrijver en cultuurhistoricus David van Reybrouck.
Een van de centrale vragen van de Russisch-Friese avond is: wat is er gebeurd tijdens en na
de Perestrojka en de Glasnost? Wie is toch die God van Rusland, zoals de dichter Boris Ryzji
in een van zijn gedichten vraagt? Wat is de plek van de kunst in het hedendaagse Rusland?
Schrijver-dichter Eeltsje Hettinga houdt een korte inleiding over leven en werk van Boris
Ryzji en draagt enkele naar het Fries vertaalde gedichten van de dichter voor.
Na afloop is er voor het publiek gelegenheid tot het stellen van vragen. De gezellige nazit
ontbreekt niet.
Russisch-Friese avond
Vrijdag 6 februari 2015
20.00 uur
Cultureel Centrum De Klameare, Workum
Entree: 7,50 Euro
Kaarten zijn te bestellen via [email protected] of telefonisch via 0515 – 579476
06 38 90 97 04 / 0515 – 542352
Voor de redactie:
- U bent van harte welkom bij deze bijzonder activiteit
- Woordvoerders Hille Faber of Sicco Rypma zie bovenstaande tel. nr’s