“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

DOARPSNIJS
Nûmer 372
maart 2014
1
KOLOFON
“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op
elke lêste tongersdei fan de moanne.
It earste krantsje kaam út yn april 1982.
De redaksje:
Wiepkje Holtrop
Hedwig Beukens
Annie de Kleine
Jantsje Akkerman
Tiete Bangma
Coby Hospes
Lyklamawei 49
Hege Bouwen 2a
Lyklamawei 34
Lyklamawei 27
Heaburgen 26
Lyklamawei 23
571310
572278
571364
571889
571980
571855
E-mailadres: [email protected]
Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang:
Yme Wiersma (voorz)
Omrin 1
571557
Piet Rienstra (secr)
Omrin 2
571866
Gerrie van der Veen
Omrin 10
572019
(penningmeester, bankrek. 3052.44.159)
Sjoukje Kramer
Wissebuurt 12
571785
Joop de Vries
Lyklamawei 15
571956
Rienk Nadema
Jaap Douwe Bokma
Hege Bouwen 25
Hoitebuorren 13
E-mailadres buertplysje: [email protected]
of www.politie.nl
2
572101
571328
BEDANKT
Graag wil ik iedereen bedanken voor de vele kaarten, bloemen
en bezoekjes die ik mocht ontvangen in het ziekenhuis en bij
mijn thuis komst.
Groetjes Peekje Groenhof
BEDANKT
Wij willen jullie bedanken voor de vele kaarten,bloemen,fruitmanden en andere
attenties die Jan mocht ontvangen tijdens zijn ziekenhuisopname en thuiskomst.
Het is hartverwarmend te merken dat er zo veel mensen aan je denken in een
moeilijke tijd,dit heeft ons erg goed gedaan.
Heel heel hartelijk dank.
Antsje en Jan Buma
ORGANISAASJE HOBBYMERK
It wie al in drokte fan belang doe’t ik om kertier oer njoggenen it doarpshûs
ynkaam. “Do bist de lêste, no binne se der allegear”, krige ik te hearren.
Gelokkich wie der genôch romte foar my holden, sadat ik alle spul dat ik
meinommen hie, goed kwyt koe. Om tsien oere wie de iepening fan de
hobbymerk en it wie al gau drok mei minsken. Der wie in ferskaat oan
hobbyisten en in elts hie oan belangstelling gjin gebrek.
Sa bart der noch hiel wat efter de geraniums tocht ik.
My tinkt dat it tige slagge wie en ik wol de organisaasje tanksizze.
Groetnis Piet Rienstra (GP)
3
HA JIM IT AL HEARD?
Sneon 1 maart: wat in drokte op’e dyk!
Allegear fytsen en auto`s by it doarpshûs;
ja, it wie de dei fan de hobby-tentoanstelling.
Der wienen 13 dielnimmers yn de grutte seal fan it doarpshûs.
By de yngong stie Foekje de Jong mei har skilderijen en tekeningen.
Ferrassend hear wat sy út har fingers kriget.
Twa topfotografen Janke Draaijer en Arjen Visser lieten
moaie dingen sjen.
Arjen hie in foto fan de toer meinaam fan dik 4 meter.
Janke liet op har skerm 365 foto`s sjen. Ferline jier hat se alle dagen in bysûndere
foto nommen.
Neist Janke siet Jeltsje Hoekstra. Sy makket fan niks wat bysûnders, bewarret
alles en kin dingen oppimpe foar in bytsje sinten.
Dan krigen we Jeltsje Hielkema; dy hie har samling parfumfleskes meinaam, wol
128 stiks…enne jim witte it no: as jim rûkersguod op is dan it lege fleske by
Jeltsje bringe. Dat kin moai yn deselde rit as de lege doppen by Sietske.
Neist Jeltsje siet de ex-slachter fan Nijemardum. Sy skilderet moaie Fryske
teksten op âlde houten plankjes: handich ast in jierdeiskadootsje nedich hast.
Tiete Groenhof en Jeltsje fan dûmny Den Hartog wienen der ek mei prachtige
blomstikken; de opbringst gyng nei World Servants.
Neffens my kinne se der yn Ghana aanst wol in universiteit bouwe, safolle sinten
komme der binne.
Jeltsje wie net sa fit sei se doe’t se de moarns troch de doar kaam, mar frege
daliks wol oan Harmke: “wy kinne itenstiid wol in patatsje krije net?…”
Foar it poadium sieten de leden fan breidklup “In stekje los”. Sy lieten sjen wat
se meitsje kinne mei priemmen en jern: plaid`s, sokken, moffen en waarme
slofkes.
Mar goed dat der gjin mannen by binne want de froulju kinne prate en dingen
oanwize mei de priemmen ûnder de earms; it hat der de hiele dei pikke en tikke.
Doe’t de patat serfeare waard, moast Harmke de breidsters sa no en dan wat yn
de mûle triuwe, want de priemmen moasten wol trochtikje....
Wilco Mollema hie syn racebaan en ek noch ark fan syn heit meinommen. Dat
foel wol yn de smaak by de jeugd. Sake makket prachtich boartersguod fan hout:
moaie trekkers en frachtweinen styngen te pronk.
4
Neist Wilco stie de famylje Bokma. Heit Henk hat mei syn beide soannen in
skitterjende model-traktorsamling; alles wie útstald op moaie platen.
No lit se mar fertelle hear, dy Bokma`s ha der wol doel oer.
Yn ‘e midden styng Coby Bokma mei har tassehannel en mear. Oh wat is sy ek in
kreabea: it troupak fa har heit hie se yn de stisel en ferve setten en op in moai
paniel timmere. Fan kastrântjes hie se in troujurk makke, soks is dreech om út te
lizzen: jimme hienen it sjen moatten.
Piet Rienstra wie der mei syn samling oer Nijemardum: hearlik om yn dy âlde
boeken om te sneupen. Hy hie syn steigerhouten meubels ek meinaam en in
fûgelhokje beskikber steld. Arnout Rozema wie de gelokkige winnaar.
Deunby Piet syn meubels en Coby har tassen stie Hendrik Gijzen mei syn
freondinne Esmaralda. Sy garje alles fan ome Hein[eken].
Dus as jim dochs op 'e fyts sitte mei in pûdefol doppen en in sekfol lege
rûkersguodfleskes, nim dan jim Heinekenguod daliks ek mar mei.
Se wolle alles wol ha...
Yn de bar (wêr oars?) styng Harmke mei har poppen dy’t se “lange lijzen” neamt.
Wat in talinten ha wy yn Nijemardum, geweldich om dat sa te sjen.
De dei wie fansels net sa slagge sûnder publyk.
Allegear tige tank dat jim der wienen enne... in oare kear mar wer?
Oh ja, de stoel fan Yde Groenhof hie ik
hast fergetten; dy is makke fan allegear
ôffal fan metaal: âlde seagen, moeren
en bouten, tangen..en noch folle mear,
wier in pronkje!
As jim nijsgjirrich wurden binne fyts dan
mar ris nei Yde ta.
Gerlof Otter hat in moai filmke makke oer
dizze dei. Jimme kinne dat sjen op You Tube.
Dit wie it wer foar dizze kear,
oare kear wer mear.
Groetnis WTHP
5
HERDENKING MONUMENT
De herdenking bij het oorlogsmonument op de Sânfearterhoeke is dit jaar op
donderdagmiddag
3 april om 14.00 uur. Om 13.15 uur wordt de vlag op het schoolplein halfstok
gehesen, waarna de leerlingen van groep 7 en 8 ± 13.30 uur op de fiets van
school vertrekken. Aankomst monument
± 13.50 uur. Start herdenking om 14.00 uur.
Het monument is door KBS ‘De Stapstien’ geadopteerd.
We herdenken de slachtoffers van de W.O. II en in het bijzonder de mannen die
gefusilleerd zijn op de plek waar het monument nu staat.
Ieder jaar verzorgen de leerlingen van groep 8 het programma. De kinderen
lezen gedichten voor, het Wilhelmus wordt gezongen en er is een kranslegging.
Een vertegenwoordiger van de gemeente Gaasterlân-Sleat houdt een korte
toespraak. Tot slot dragen de leerlingen van groep 8 het monument over aan de
leerlingen van groep 7.
Waarom herdenken wij de oorlogsslachtoffers op 3 april:
Door het aantreden van koning Willem Alexander worden de komende jaren
Koningsspelen georganiseerd op de vrijdag voor de meivakantie. Om in die week
6
ook de oorlogsslachtoffers te herdenken voelt voor ons niet goed. In het vervolg
zal de herdenking op of rond 6 april plaatsvinden.
Op 6 april 1945 werden door de vijand gefusilleerd:
Herre Winia Jr. - Hendrik Huizenga - Durk Dijkstra Gerrit Vlietstra - Jurjen Hoomans
We hebben een datum dichtbij 6 april gekozen. Zo kunnen we ook een periode
aandacht besteden aan de oorlog en dan afsluiten met de herdenking.
Er zijn familieleden van de slachtoffers aanwezig bij de plechtigheid.
Ouders van onze leerlingen en belangstellenden worden van harte uitgenodigd
de herdenking bij te wonen. Het monument op de Sânfearterhoeke is te
bereiken via het erf van fam. H. Bangma, over de dijk richting IJsselmeer.
KBS ‘De Stapstien’
TENTOANSTELLING EN FEILING
Earder hat yn'e doarsprante in oprop stien foar âlde skuon: in byldhouwer, Anita
Eisses út Emmeloord, woe der in byld fan meitsje dat ferkocht wurde soe t.b.f. it
Kika fonds, tsjin kanker by bern.
Dat projekt hat in sturtsje krige: neist it byld dat Anita Eisses makke hat, wurde
der aanst noch in oantal bylden ferkocht foar Kika! 26 kollega's ha der oan
meiwurke.
Op woansdei 26 maart 16.30 oere wurdt de tentoanstelling fan de bylden mei as
tema “HOOP” iepene yn Beeldhouwcentrum Koudum.
Op peaskemoandei 21 april, middeis 15.00 oere is de feiling.
Foar mear ynformaasje sjoch: www.beeldhouwcentrum.nl
Nijemardummers, dy't ek meidien ha om dit projekt slagje te
litten, kinne no sels sjen wat er mei harren skuon bart is!
groetnis,
Ellen Weistra
7
BESTE DORPSGENOTEN
Het informatiebord bij het schelpenpad/school stond al op de nominatie voor
een renovatiebeurt. De informatie erin was niet meer ”up to date” om het maar
eens in het “geef Frysk” te zeggen, en ook een verfje was nodig. Een aanslag, nog
wel rond de kerstdagen, op dit onschuldige bord heeft alles in een
stroomversnelling gebracht. Doede Bosma, ook de ontwerper van dit bord, heeft
de renovatie belangeloos uitgevoerd. Een attentie is hem reeds door het
dorpsbelangbestuur aangeboden. Terwijl u dit leest graag applaus voor Doede.
We hopen dat het bord nog jaren in de behoefte kan voorzien.
Doede bedankt!
Namens dorpsbelangbestuur
Piet Rienstra
DOPPENACTIE
Hartelijk dank voor de vele kilo's doppen die jullie al gespaard hebben!!!!!!!!!
Soms wordt mij gevraagd, hoe zit het eigenlijk met de doppen, kun je daar nog
wat mee, spaar je die nog steeds, en waarvoor ook alweer?
Ja, die spaar ik nog steeds en wel voorblindengeleidehonden.
8
Deze actie is nog steeds van kracht en
wil ik ook van harte bij u aanbevelen.
Doppen zijn voor ons afval, maar voor
iemand die een geleidehond nodig heeft,
van grote waarde.
Eens in de twee a drie maanden, breng ik de
doppen (plm. 50 kilo), naar een adres in Joure,
vandaar wordt het weer verder getransporteerd.
Nog even voor de duidelijkheid; graag schone en droge doppen( anders worden
ze niet verwerkt) en alleen van pakken en flessen en energiedrank (zonder het
doorzichtige over dopje).
Dus bv. geen doppen van slagroom, pasta en wasverzachter.
Voor vragen kunt u ook mailen naar:
[email protected]
Nogmaals mijn hartelijke dank voor het sparen en graag doorgaan!!!!!!
Met vriendelijke groet,
Sietske Strampel Smink
NIJE WENROMTE
Sa`t jim miskien wol heard ha, is kampus “de Wyldemerk” ferkocht.
It wie dochs ek wol sûnde dat der neat mei dien waard.
Falkena út Harich hat it spul opkocht en wol dat oan minsken oanbiede dy`t
tydlike wenromte nedich ha.
Omdat de bouwerij op Meine syn lân yn de kuolkast stiet, hat hy besletten de
units salang op syn lân del te setten.
De hierkosten sitte ûngefear op € 300,00 yn de moanne.
Yn ien unit is plak foar 2 persoanen.
Foar fierdere ynformaasje kinne jo belje mei R.Falkena, 06-10547123. Dat kin
oant en mei nije wike tiisdei.
Reagear sa gau mooglik want op=op.
9
WA BIN IK?
De earste en de lêste beller wist it goede antwurd.
Dêr tuskenyn wie in ferskaat fan nammen .
Sa as Jetske Rienstra, Akke Luinenburg,
Tiety Rozema, Jeltsje Hoekstra en Tiny Wildschut.
It famke (mei de moaie strik yn it hier) wie
Marijke Veldman-Muizelaar.
Jeltsje Hoekstra en Marijke har buorman
Egge Reinsma hiene dat yn ‘e gaten.
Marijke is op de foto sa’n oardel jier âld .
Nei alle gedachten is de foto op keninginnedei
makke yn Aldemardum. It plak dêr’t Marijke berne is.
Yn de bernewein neist har sit Jan Akkerman, dy’t ek yn Aldemardum berne is .
Jan yn de Boegen en Marijke oan de Jan Schotanuswei op it plak dêr’t no noch
har broer Steffen wennet.
Doe’t Marijke oan har eigen Jan frege “Wa tinkst dat it famke yn it
doarpskrantsje is?” koe dy it net betinke !
Kinne jim ris sjen hoe dreech it bytiden is.
Notaris Hedwig koe gelokkich wer wat praktykerfaring opdwaan en helle de
namme fan Egge Reinsma út de hoed.
Dan no wer in fleurich jonkje.
Witte jim wa’ it is ?
Belje gau 571889,
Dat kin oant en mei sneon.
Jantsje
10
FAMYLJE BRUINSMA YN 'E BOCHT...
Nee, dit stikje giet net oer Wiepke en Klazien Bruinsma, mar oer Sjef, Truus en
Boris Bruinsma. Dy kenne jimme noch net, mar dat komt wol...!
De famylje Bruinsma hat fakânsjeplannen. Se sille kampearje yn in caravan op 'e
Veluwe. Wannear? Op sneon 14 juny.
Fansels wolle jimme dat meibelibje en dêr hoege jimme net iens fier foar fuort,
want wat is it gefal? It sil heve yn ús eigen doarpshûs!
Michiel hat alles dan tip top ynoarder en de famylje Swaanswyk is ek fan 'e
partij.
Set dy datum mar fêst op ' e kalinder, yn jo bûsboekje of yn jo smartphone of
tablet.
SNEON 14 JUNY!!
Oant dan.
De Nijemardumer toanielferiening
KLEDINGACTIE
Het zonnetje schijnt al enige tijd en dus kunnen de kasten weer opgeruimd
worden. Uw overtollige kleding kunt u kwijt bij de kledingactie van SV NOK
afdeling volleybal. Op donderdag 17 april a.s. is er weer de halfjaarlijkse
kledingactie van SV NOK afdeling volleybal.
De kleding is bestemd voor ‘Reshare’, een onderdeel van het Leger des Heils.
Doormiddel van deze kledingactie steunt u de volleybalvereniging.
Een briefje met aangehechte Reshare-zak wordt de komende tijd bij u in de
brievenbus bezorgd.
Mocht u tussendoor nog kleding hebben staan waar u van af wilt en kunt of wilt
u dit niet zo lang bewaren, dan kunt u deze ten allen tijde afgeven bij Jan Kuiper;
Jan Schotanuswei 26 Oudemirdum of bij Yke v/d Wal; Lyklamawei 75
Nijemirdum.
Voor andere informatie over de kledingactie kan contact
opgenomen worden met Sjoukje Kramer, tel 0514-571785.
Namens het volleybalbestuur,
Anna Altenburg
11
NOCH BY JUF
Op tongersdei 13 maart fyts ik nei Marit Rozema.
Alle bern ha hjoed de hiele dei frij dat Marit hie it
wol efkes oan tiid.
Se docht sels de doar al iepen mei in grutte “smile”
op har mûle. Marit wennet op de Lyklamawei 35
tegearre mei har heit Arno.
Hoe âld bist do?
Seis jier.
Ha jim ek húsdieren?
Nee, net mear. Wy ha wol in poes hân, mar dy is dea.
Yn watfoar groep sitsto?
Yn groep 2 en myn juffen hjitte fan Juf Antsje, Juf Nelleke en Juf Berber.
En binne se alle trije like leaf? Se laket en seit “Juf Berber fyn ik it leafst.”
Hoe fynst it op skoalle?
Leuk. Wat fynst it leukst?
Yn de poppehoeke en mei de wetterbak en “knutselje”, dat fyn ik ek hiel leuk.
Arno sit gesellich mei oan tafel en fertelt dat se altyd oan it tekenjen en fervjen is.
Wat fynst it ferfelendste fak op skoalle?
Se sjocht my oan en seit hiel leaf: rûzje meitsje.
Oeh der is ek neat oan en dat dogge se fansels wolris yn de klasse?
Marit knikt en kinst wol sjen dat se der net blij fan wurdt.
Praatst altyd Frysk?
Ja, mar op skoalle mei dat net altyd. Oeh dat is ek wer spitich.
Wat wolst letter wurde?
Kapper, dokter en juf.
Oké, dat liket derop: op moandei dokter, tiisdei juf, woansdei en tongersdei
kapper en de rest frij of net? Se laket en knikt wer leaf.
Wat fynst leuke tv programma´s ?
Spangas, Jeugdjournaal en Klokhuis.
Marit sjocht in soad nei Ned 3. Gelokkich hat se
noch gjin ferlet fan Nickelodeon..
Wat fynst moaie muzyk?
“K-3” seit se en alwer sjoch ik in grutte glimk,
”Ja, dêr ha ik in cd fan en dêr dûnsje ik faak op,
12
dan ha ik him hiel lûd stean”.
Marit is ek in grutte fan fan Dy Twa. Dy hat se alris yn it echt sjoen en sels ek
noch in ferske meisongen yn de studio fan Omrop Fryslân.
Fynst it moai om yn Nijemardum te wenjen?
Ja, ik ha hjir allegear leuke freondintsjes.
Dochst ek oan sport?
Ik sit op gymnastyk en swimles.
Watfoar boartersguod fynst it moaist?
Legofriends. Yn de keamer stiet in tafel fol
mei lego; hiel lyts guod allegear.
Se hat it tegearre mei har heit allegear ynelkoar setten.
Boartest wolris bûten?
Oan de kleur fan har wangen te sjen wol.
Ja, dat fyn ik ek leuk, lekker fytse en op de glydbaan.
Wat fynst it lekkerste om te iten?
Makaroany .
Helpst heit wol ris ?
Ja, mei opromjen en tafelklearmeitsjen.
Arno seit: ja en ek mei it opromjen fan it boartersguod no Marit?
“Ja” seit se mei in wat tryst gesicht, “ dat moat altyd…”.
Kin it dy wat skele watfoar klean ast oan hast?
Nee seit se. Pff, dat is noch maklik. Nim it der noch mar fan Arno..
Hast ek op fakânsje west?
Ja, nei Frankryk. Dat wie in hiel ein riden. Mei mem sieten wy op in camping.
It wie dêr lekker waarm.
Sitst wol ris achter de computer?
Nee, net faak. By mem ha ik in tablet, dy ha ik op myn jierdei krigen. Dat fyn ik
wol leuk. En op skoalle brûke jim dêr de computers wol? Nee, hast noait.
Ast in winsk dwaan mochst, wat soest dan winskje?
De skouderkes komme omheech “dat wit ik net” seit se.
Mar heit wit it wol..
“Do soest dochs sa graach in pony ha wolle?”
“Jaaaa, dat fyn ik hiel leuk! Ik ha ek in moai
boek krigen fan hynders.”
No wa wit, giesto skylk op ponyles en krigest letter nochris in eigen pony….
13
Dit wienen de fragen alwer Marit, hartstikke moai dat ik efkes by dy komme
mocht.
Ik meitsje noch gau in pear moaie foto´s en sjoch noch efkes by har lego.
Oeh wat in fyn spul. Ik leau dat myn stofsûger altyd rattele….
Arno bedankt foar de kofje en koek, it wie gesellich.
Wiepkje
BESTE DORPSBEWONERS
Dagelijks lezen we in de krant over bezuinigingen. We merken het thuis, de
peuterspeelzalen, de sportclub, de dorpshuizen enz. iedereen moet op korte
termijn inleveren. We hebben er allemaal mee te maken en dit zal in de nabije
toekomst alleen maar toenemen. Ook in het dorp krijgen we er volop mee te
maken, kregen we vorig jaar nog een bedrag van de gemeente (laaghangend
fruit) om er iets leuks voor het dorp mee te doen of iets voor te organiseren, het
is er niet meer. Zo zal ook het onderhoud aan bermen, tegelpaden,
bloemperken, struiken enz. voor een groot gedeelte vervallen en zal er steeds
meer worden gevraagd van de burger.
Hoe kunnen we met z’n allen onze voorzieningen op peil houden en hoe kunnen
we alle subsidies die zullen verdwijnen vervangen?
Zoals we ook de afgelopen weken in de pers hebben kunnen lezen zijn er in de
provincie meerdere initiatieven voor het exploiteren van een dorpsmolen.
Een windmolen van het dorp waarvan de opbrengst ten goede komt aan het
dorp.
Als dorpsbelang hebben wij enkele bijeenkomsten
bijgewoond van de Heidemij.
De Heidemij is een organisatie van 170 professionals
die zicht richt op bewoners die zelf hun idee willen
realiseren ter verbetering van hun fysieke leefomgeving.
14
Een van deze plannen is het tot stand brengen van een dorpsmolen.
Als organisatie zijn zij er van overtuigd hiervoor bij de gemeente een vergunning
te kunnen realiseren.
1e Voorwaarde voor verdere ontwikkeling is een draagvlak creëren in het dorp.
Voor een iets grotere molen met meer rendement en minder risico’s is er een
reële mogelijkheid om het plan van de grond te krijgen met een aangrenzend
dorp.
Hiervoor willen we een energiecoöperatie gaan vormen voor het leveren van
groene stroom aan de leden in de dorpen.
De eerste gesprekken met een enthousiast buurdorp zijn dan ook al geweest.
Heel binnenkort zal er dan ook in het dorpshuis een informatieavond worden
gegeven en hopen we op positieve stemming in het dorp voor het plan.
Het Dorpsbelang
OP LOKAASJE BY DE DAMKLUP
It is woansdei 5 maart: ús buorlju Gert en Tsjitske ha de flage út..
Ik set myn ferstân op skerp en tink: “wat ha ik mist?”
Soene se soms it hûs ferkocht ha? Of binne se wer pake en beppe wurden? Hat
Gert syn tûzenste mol fongen?
Nijsgjirrich wip ik oer it stek en flean
by harren yn ‘e hûs en ik freegje it gewoan.
Ik wie totaal net waarm, it siet net iens yn
de buert fan myn tinkwizen...
Wat wie it gefal?
De damklup fan Nijemardum wie
sûnt 1962 wer kampioen wurden
fan de Súdwesthoeke en fansels
moast dêrom de flage yn top!
De moandei dernei haw ik efkes
op besitewest by de damklup.
15
It wie dêr suver wol gesellich:
se hiene oranjekoeke by de kofje ter eare fan it grutte barren.
Johannes van der Goot dyng efkes in ferslachje fan de “ beruchte” jûn.
Op tiisdei 4 maart gyngen se mei 10 dammers nei de Jouwer.
It like in spannende jûn te wurden, want se wiene wakker oan elkoar weage.
Beide klups hiene noch net ien wedstriid ferlern, dus it wie derop of derûnder.
Lucas Hoogkamp hat op ‘e Jouwer op skoalle sitten, dat hy spile remize en
dielde earlik de punten. Henk Bokma ferlear syn partij, mar gelokkich pakte Piet
vd Wal de earste trije punten fan de jûn.
Boake Pietersma krige in daam om de earen en fertsjinne der dus gjin inkele
punt mei, mar Egge Reinsma makke it wer goed en wûn syn partij.
Gert Baukema, Joh vd Goot en Igge vd Veer spilen alle trije remize.
Pier Akkerman wûn en om 0.15 oere helle Arjan Batterram de beslissende punt
binnen. Nijemardum wûn de wedstriid mei 9-11. De damhoutsjes fleagen troch
de seal en de mannen dyngen de polonêze oan de rotonde ta.
Neidat de plysje alles wer kalm krigen hie, rieden se rêstich nei hûs ta.
Nijemardum kin grutsk wêze op dizze tûke skowers, Wikel en Sondel trouwens
ek hear want de klup telt ek ien lid út Wikel en acht út Sondel.
Nei 52 jier stiet damklup Nijemardum wer op ‘e kaart. Klasse dien mannen!!
Wiepkje.
KONINGSDAG
Zaterdag 26 april is het Koningsdag met ook dit jaar
weer onze jaarlijkse fiets-/autotocht.
De start is bij het dorpshuis tussen half 2 en 2 uur.
En we zoeken nog playback talent, groot en klein, voor de playbackshow!!
Lijkt het je leuk om mee te doen?
Geef je dan op bij Tryntsje de Jong: 0514-571116 of 0514-851909.
De playbackshow start om half 8 in het dorpshuis.
Groetjes de feestcommissie
16
UPDATE: PROJECT ONS 1658
ONS 1658 heeft de afgelopen maand weer hard gewerkt
voor hun bouwmateriaal. In de voorjaarsvakantie stond de ramen lap actie
centraal en dit was een groot succes! De fjoerdienst van 2 maart stond in het
thema van Ghana en wat een opkomst tijdens deze dienst! Wij vonden het een
geweldige dienst met z’n allen. Door al jullie medewerking is de teller gestegen
naar 52.000 euro. Dit betekend dat we steeds dichter bij het streefbedrag komen
maar ONS 1658 zet nog even door met een aantal leuke acties.
De komende maanden zult u ons tegenkomen bij de volgende activiteiten:
Er loopt momenteel een aardappelactie. Er zijn Bildstar’s en Irene’s te verkrijgen.
Een zak van 10 kg kost 6 euro. Je kunt deze aardappelen bestellen bij een ONS
1658 lid.
29 maart zal er ‘s middags vanaf 16.00 uur een dienstenveiling plaatsvinden met
muzikale ondersteuning door zeemanskoor Auke Wybesz. Er zullen tijdens de
veiling bijzondere items worden geveild. De online catalogus kunt u vinden op
www.ONS1658.nl. Daarnaast zullen er ook activiteiten voor de kinderen
aanwezig zijn. ‘s Avonds vanaf 21.00 uur zal er op dezelfde locatie een
feestavond plaatsvinden met onder andere Tribute to U2, Beware en de DJ’s
Willem Rinkema & Eljay. Dit allemaal in de feesttent op de Marderhoek te
Oudemirdum. Verdere informatie over deze dag zal zo spoedig mogelijk op onze
site te vinden zijn.
Zaterdagavond 17 mei zal er een bingoavond plaatsvinden in dorpshuis
Oudemirdum.
Graag zien wij u bij een van deze acties!
U kunt ook op de hoogte blijven via onze website; http://www.ons1658.nl en
‘ like’ ons op Facebook; https://www.facebook.com/ONS1658Ghana
Wilt u ons steunen kunt u ook een bedrag overmaken op bankrekening NL70
RABO 0303564466 onder vermelding van ONS1658/GH414
of Postbanknummer 2135, onder vermelding van ONS1658/GH414.
Bedankt voor uw steun!
Baukje Swart
17
Verenigingen in Nijemirdum
Dorpsbelang
vz
secr
pen.
Yme Wiersma
Piet Rienstra
Gerrie van der Veen
571557
571866
572019
Lokaalvereniging
vz
secr
pen
Antje Wijnja
Wiepkje Holtrop
Hendrik Postma
572161
571310
06-15601464
Beheerders
dorpshuis
Klaas en Harmke Rienstra
dorpshuis
571606
571428
Chr. Basisschool De Stapstien
schoolleider
Carolien Glastra
571888
Peuterspeelzaal 't
Opstapke
ouderraad
inl:
Joke Postma
Jitske Mulder
572961
06-50894096
Prot. Gem. O-N-S
Kerkgebouw De
Hoekstien
vz
scriba
predikant
predikante
koster
Tiete Groenhof
Joop Verkaik
Teije T. Osinga
Maartje Wildeman
fam. Luinenburg
603368
582273
571527
593781
571394
Begrafenisvereniging
vz
secr
pen
bode
Roelie Veen
Griet Akke Rienstra
Piet Rienstra Omrin
Pieter Deinum
571634
571714
571866
571771 / 06-625500361
Damclub
vz
secr
pen
Johannnes van der Goot
Egge Reinsma
Henk Bokma
571283
603572
572049
Vogelwacht
Inl.
Carl Draaijer
571926
Feestcommissie
vz
secr
pen
Trijntsje de Jong-Rienstra
Wiebren Hoekstra
Harm van Bommel
571116
571746
572161
18
Verenigingen in Nijemirdum vervolg
Passage
vz
secr
pen
Harmke Rienstra-Eliveld
Tjitske Baukema
Nieske Glashouwer
571606
571883
581680
Biljartclub De
Eekhoorn
vz
secr
pen
Klaas Rienstra
Riny Kramer
Gerlof Hendriks
571606
571785
571696
Biljartclub Zicht op
de bal
vz
secr
pen
Jaap Douwe Bokma
Hendrik Rienstra
Wieger Pietersma
571328
06-23125527
571426
Klaverjasvereniging
O.N.S.
vz
secr
pen
Sake Mollema
Feike Samplonius
Doede Bosma
0513-851269
602998
571282
Line Dancing
Inl.
dorpshuis Nijemirdum
571428
Gymnastiek
vereniging
vz
secr
pen
Feikje Draaijer
Brechtsje Bokma
Monique Betsema
571926
572049
592157
Tennis
vz
secr
pen
Wilco Daas
Nick Fortezza
Jaap Ovelgönne
571133
06-10979306
571151
Voetbal
Vz(interim)
secr
pen
Henk Wieger Ruiter
Henk Wieger Ruiter
Jacob Brandenburg
603843
603843
06-38501491
Volleybal
Vz
secr
pen
Yke van der Wal
Corry Schotanus
Kees Draaijer
571694
571602
571791
Int. Kerkelijk
streekkkoor
vz
secr
pen
Janke de Jong
Gerrit Postma
Jannie Feenstra
571973
603707
602560
19
Verenigingen in Nijemirdum vervolg
Soos
vz
Secr/pen
Klaas Muizelaar
Jan Smits
571363
602195
Zanggroep
Eigenwize
vz
secr
pen
Ank Wiering
Gea Fijneman
Rein Flapper
571362
603144
06-51346626
Boerinnengroep
vz
secr
pen
Tiertsje Smink
Corine Schep
Willeke Veltman
593160
560019
572270
Kinderkoor Prelude
vz
secr
pen
dirigent
vacant
Jantsje Wierda
Geeske Hendriks
Marianne vd Heide
572075
571225
06-25282429
Tuinclub
vz
secr
pen
Klaske Zwart
Jantsje Akkerman
Wieke Haarsma
571640
571889
571612
EHBO
vz
secr
pen
Esther Schilstra
Idzard Pruiksma
Jeannet Bekedam
571817
06-43698540
571597
Toneelclub
Inl.
Coby Hospes
571855
Doarpsnijs
De redaksje:
Wiepkje Holtrop
Tiete Bangma
Hedwig Beukens
Annie de Kleine
Jantsje Akkerman
Coby Hospes
571310
571980
572278
571364
571889
571855
E-mailadres: [email protected]
Website: www.nijemirdum.nl
Bij bestuurswisselingen en/of wijzigingen dit graag doorgeven aan
Gerrie van der Veen
[email protected]
0514-572019
20
Graag willen wij van elke secretaris een
email adres ontvangen. Dit kunt u
mailen naar [email protected]
ROMMELMERK
Sneon 7 juny ha wy wer ús jierlikse Rommelmerk.
Ha jim no al guod dat jim kwyt wolle?
Skilje dan mar gau nei 571310, 571606 of nei 572028.
Wy hoopje dat wy wer in soad spul binnen krije.
Groetnis de lokaalferiening
SISWIZE FAN DE MOANNE:
As april blaast op syn hoarn,
is it goed foar gers en koarn
21
DE STIPERS
Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht
wurde:
Paul Baas
Harmen en Lieske Bangma
Albert en Jeannet Bekedam
Bauke Beukens
Willem Beukens
Doede Bosma
Harm van Bommel
Jan Buma
Johan A. Dijkstra
Jelle Eppinga
Henk en Lian de Graaf
Arjan Hendriks
Halbe Hielkema
Tryntsje de Jong-Rienstra
Ede Groenhof
Cees en Johannes v.d. Meer
Martin Mensonides
Hendrik Postma
Marijke Postma
Douwe en Froukje Prins
Fam. K. Rienstra
Runia Fourage BV
Runia Transport BV
Jan-Dirk van der Tol
VandeLinde Associates
Earnst P. Veenstra
Annoesjka de Vries
De Vries
De Klussenbaas
Camping De Groninger
Melkveehouderij/luxe appartementen
Garant Zaden
Onderhoud & timmerbedrijf
Klussenbedrijf
Straetus Incasso
Buma Handel
Dierenarts
Boomkwekerij
Koeienmuseum/jongvee opfokbedrijf
SDS Balk Startmotoren en dynamo’s
Bouw- en onderhoudsbedrijf
Kapsalon Tryntsje
Transportbedrijf/verhuizingen
Van der Meer Mechanisatie
Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele
werktuigen
Motorenrevisie/reparatie
It Kniphúske
Bakkerij Prins, Harich
Beheerders dorpshuis
(Klein)diervoeders, aardappelen enz.
Transportbedrijf
Feedcentre B.V.
Journalistieke Producties
Hovenier
Pedicure
Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by
de minsken thús komt.
22
AGINDA
29 maart
3 april
: Bingo
: Betinking oarlochsmonumint
Sânfearterhoeke, 14.00 oere
17 april
: Kleanaksje SV NOK
26 april
: Keningsdei mei fytstocht en playbackshow
6 juny
: Rommelmerk
14 juny
: Toanielstik
26 juny
: Doarpsbarbeque
Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier
ophelle.
IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 24 april 2014
KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 16 april 2014
by ien fan de redaksjeleden
in e-mail stjoere kin ek: [email protected]
23