Actueel Dinsdag 27 mei 2014 21 Eindexamen Frysk was voor twee scholieren Liudger soms best ‘dreech’ Examen 2014 n Klaas Jan van Dellen Het was gisteren weer een dag van afzien voor middelbare scholieren. Het examen Fries stond op het programma, niet echt een populair keuzevak. Op de havo van CSG Liudger in Burgum deden twee kandidaten eindexamen. ,,It begjin wie goed te dwaan, mar dêrnei waard it dochs wol dreech.” ,,Frysk is in geweldich moai en nijsgjirrich fak”, vinden Froukje van der Veen en Robin Veenstra. De twee 18-jarige havo-leerlingen van het CSG Liudger in Burgum deden gisteren als laatsten van hun school eindexamen. In het Fries nog wel. ,,Ik fyn it Frysk sa nijsgjirrich omdat it in taal is dy’t net in protte minsken prate, lêze of skriuwe kinne. Boppedat is it in taal mei in soad en foaral in unike histoarje. Dy moatte wy safolle mooglik bewarje”, zegt Robin. Niet verplicht ,,It Frysk is hjir op it Liudger in keazen fak. Yn de earste en twadde klas is it ferplichte om Frysk te folgjen. Dêrnei bisto frij om sels in kar te meitsjen”, legt ze uit. ,,Ik ha yn de tredde en fjirde klasse bygelyks ek Frysk hân. Wy binne doe útein set mei seis learlingen. Froukje en ik binne dêrnei allinnich oerbleaun. Dat is dochs bêst wol unyk”, zegt Robin lachend. ,,En no ha wy dus eksamen dien, dat wie bêst wol spannend”, vervolgt Froukje. ,,It wie bytiden dreech, mar der sieten wol leuke teksten tusken. Der wiene in protte iepen fragen en bytiden foel it net ta om de goeie ynformaasje út de tekst te heljen. It begjin wie goed te dwaan, mar dêrnei waard it dochs wol dreech. De muoilikste fraach fûn ik dochs wol dy mei fiif dielkwalifikaasjes. Dêr ha ik mar wat ynfolle”, bekent ze. ,,Foar it oare is it ôfwachtsjen fansels.” ,,Wy hiene wol in bytsje gelok”, vindt Robin. ,,Ferline wike Froukje van der Veen (links) en Robin Veenstra vonden het examen Frysk soms best lastig. Foto: Klaas Jan van Dellen ha Froukje en ik it eksamen Nederlânsk al dien. Dat skeelt dochs wol in soad, omdat de fraachstelling aardich oerienkomt mei it eksamen Frysk. Jo witte dus wol in bytsje wat jo ferwachtsje kinne”, zegt ze. ,,It Frysk is eins ek net echt te learen”, vult Froukje aan. ,,In protte oare eksamenfakken ha ik wol in soad foar leard, mar it Frysk kinne jo dochs wol aardich fan hûs út. Wy ha beide wol in protte âlde eksamens fan ferline jier leard. En wy ha in reader krigen mei allegearre teory en oefeningen. Der binne in soad minsken dy’t it Frysk ûnderskatte. It is bêst in drege taal om te lêzen en te skriuwen. In protte Fryske freonen sizze bygelyks altiten sleutel, wylst it kaai wêze moat. Soms kinne se dat wurd net iens. Dêrom sizze wy altiten mar gewoan sleutel”, zegt ze lachend. Zowel Froukje als Robin hopen volgend jaar aan de Pabo te kunnen gaan studeren. p Dit was de laatste aflevering in deze serie over de examens van 2014. Gisteren werd ook nog het eindexamen Russisch afgenomen voor havoleerlingen. Vandaag is er nog het eindexamen Arabisch, Spaans en Turks Talenkennis Frysk belangrijk in werkveld Tjeerd Kooistra is docent Frysk aan het Liudger in Burgum en onderstreept het belang van de Friese taal op middelbare scholen. ,,It ferskilt hiel bot per skoalle yn de provinsje dêr’t it Frysk oanbean wurdt”, zegt hij. ,,By it Liudger ha wy it gelokkich wol as fak en kinne wy it ek oanbiede as eksamenfak oan de learlingen. Ik bin ek grutsk dat Froukje en Robin der foar keazen ha om eksamen te dwaan yn it fak Frysk. Se binne der ek tige bot mei dwaande west de lêste tiid. Wy sizze hjir ek wolris: mei taal komst fjirder. It is yn ferskate fakgebieten wichtich om letter goed Frysk begripe te kinnen. Sjoch bygelyks allinnich mar nei de plysje en de oerheid. Ek yn ú maatskippij is it wichtich om de talen goed te behearskjen. Der wize wy ús learlingen ek op yn de lessen. Dêrneist hâlde wy ek rekken mei de tarieding op it heger beropsûnderwiis.”
© Copyright 2024 ExpyDoc