TOANIELFERIENING “DE TWA DOARPEN” IN GEKKEHUS YN’t SIKEHUS Auteur: Wilma Renes Leertouwer Fryske oersetting: Gurbe Dijkstra. Wy spylje yn d’HERBERG KETLIK BEGJIN 20.00 OERE Sa as wy allegearre witte is der tsjinwurdich te min persoaniel yn it sikehus. Der binne fansels útstjoerburos, mar der dogge wy net oan yn dit sikehus, wy skeakelje de skjinmaksters yn. Janny hat der wol sin oan (moai jong es wat oars as rúthimmelje), mar Ilona hat der net folle nocht oan (ik waskje net in frjemde keardel, ik ha myn Pyt syn rêch noch noait wosken). Dochs, haadsuster Riny set troch en de froulju krije in ferpleechsterpakje oan. It giet goed, mar Kuperus is wol in hiel lêstige pasjint en frou Visser is sa doof as in kwartel. De dokter is wat wazich, mar….. is dat wol in dokter? En dan is der ek noch Bep, in ferpleechster die net sa hurd mear rint. Gelokkich hat Ernst-Paul de toutjes noch wol goed yn hannen. It rint gelokkich allegearre goed ôf. In jûn noflik fuort, mis it net. De sitplakken binne beheind, dat……mar gau kaarten bestelle. FREED 6 FEBRUWARIS 2015 (€ 8,-) TIISDEI 10 FEBRUWARIS SPYLJE WY FOAR DE SOOS SNEON 14 FEBRUWARIS 2015 (€ 8,-) Foarferkeap fanôf 5 Jannewaris by Minke Bouwstra - Til.: 632878. (tusken 17.00 -19.00 oere) Oant dan. Bestjoer en spilers DE TWA DOARPEN
© Copyright 2025 ExpyDoc